

Bestiet der yn it Frysk in wurd (of wurdrige) ‘aldatsa’? Oer dy fraach haw ik in snipeltsje skreaun, dat ferskynd is op de website fan De moanne.
Fan ‘t simmer haw ik wiidweidich mei sjoernalist, taalbeweger en muzykkenner Onno Falkena praat. It petear gong foar in grut part oer taal en taalbelied. Onno is fan betinken dat de polityk as it op it Frysk oankomt fierste min ambysje hat. In wiidweidich ferslach fan it petear stiet yn nûmer 5 fan it tydskrift De moanne, dat hjoed útkaam is.
As jo it wurd ‘swanger’ brûke dat hjoed de dei wol brûkt wurdt, dan is dat fansels net oars as it Nederlânske wurd dat der model foar stien hat. Mar it Frysk hat fanâlds in oar wurd: ‘swier’. Hoe sit it dêrmei?
Yn in taalsnipel op de site fan De Moanne haw ik it oer it wurd ‘besibbens’. Dat komt noch net sa lang . yn it Frysk foar en hoewol’t it yn it wurdboek stiet as oersetting fan ‘verwantschap’, hat it noait botte populêr west. Hoe komt dat?
Ik haw in lyts ûndersykje útfierd nei de akseptaasje fan beskate taalfoarskriften en taalfoarmen. Dat is útfierd ûnder 55 minsken dy’t mear as gemiddeld betûft binne yn it brûken fan it Frysk. Op basis fan har oardiel haw ik de regels en taalfoarmen ûnderbrocht yn trije kategoryen: echte flaters, ûniensichheid en achterhelle regels.
Yn de Fryske sprektaal is ‘gebeure’ in heel gewoan wurd, mar yn de skriuwtaal wurdt it mijd, mei’t it in hollandisme wêze soe. Yn in taalsnipel op de website fan De Moanne besprek ik oft dat wol echt sa is.
Troch ûnbewuste ûnderstellingen is it soms dreech om te rieden hokker taal oft minsken prate. Dêr kaam ik fan ‘t simmer in kear achter. Foar De Moanne haw ik der in taalsnipel oer skreaun.
Allerlei woorden en zelfs woordgroepen kunnen tegenwoordig door een deel van de Nederlandstaligen als bijvoeglijk naamwoord worden gebruikt. Ze zeggen dan bijvoorbeeld dat iets ‘heel erg vorig eeuw’ is. In de taalcolumn van mei beschrijf ik dat fenomeen.
Under it Provinsjehûs yn Ljouwert hat tsientallen jierren in romte sitten dêr’t mar in pear minsken fan wisten. Wat dêr bewarre waard, wie in grut geheim. In nije komsaris fan ‘e kening woe lykwols net mear meidwaan oan dy geheimsinnichdoggerij. Oft dat ferstannich wie? Ik skriuw deroer yn it koarte ferhaal De lêste koboldjager fan ‘e Wâlden. Dat stiet yn nûmer 2 fan it tydskrift De Moanne. It is fan hjoed ôf te keap.
Veel universiteiten en hogescholen hebben de afgelopen jaren een naam aangenomen van het type Dinges Instelling. Mijn taalcolumn voor de Moanne gaat over die mode.