Wy ha op ‘e NHL in programma ûntwurpen dat it foar studinten maklik makket om tagelyk Frysk en Nederlânsk te studearjen. Fakken fan ‘e twa stúdzjes oerlaapje inoar net yn it roaster en in part fan ‘e fakken wurdt oan studinten fan beide stúdzjes mienskiplik oanbean, dat dy yn fjouwer jier twa kear ôfstudearje kinne. Sa jouwe kollega’s no fakken mei nammen lykas ‘creatief schrijven/kreatyf skriuwen’ en ‘taal en maatschappij/taal en maatskippij’. Ik jou op it stuit foar kombinearre groepen ‘taal en teory/taal en theorie’ en ‘taalbeschouwing/taalbeskôging’. It is trouwens noch heeltyd mooglik om mar ien fan beide stúdzjes te folgjen.

Marrit de Schiffart hat foar De Moanne Gerla Stork, ien fan ‘e fjouwer studinten út it kombinaasjeprogram, ynterviewd.

[It ynterview is hjir te lêzen.]

Posted in: De Moanne.
Last Modified: oktober 4, 2016