Portfolio literatuur

Literatuer * Literatur * Literature

 omslag Een meerkoet in mijn oog 1aug.indd Flaptekst:
Wie een meerkoet in zijn oog krijgt, heeft een bijzonder verhaal te vertellen. Dat bewijst Henk Wolf in dit boek. Een meerkoet in mijn oog is bijna een roman. Het is ook bijna een populairwetenschappelijk curiositeitenkabinet in de stijl van Oliver Sacks en Kees Moeliker. En het is bijna een verzameling taalgrappen zoals van Herman Finkers. Geen van die etiketten past echter helemaal.Voor beginnende visueel gehandicapten is dit boek een gids, voor medici een zeldzame case study, voor Friezen een schaamteloos kijkje in het privéleven van ‘professor Henk’. Voor alle anderen is het een fascinerende en humoristische beschrijving van de manier waarop onze hersenen en wijzelf reageren op plotselinge, ernstige oogschade.

Titel: Een meerkoet in mijn oog
Auteur: Henk Wolf
Omslag: Florijn van Duyse & 247Design
Uitgever: Kleine Uil
Jaar: 2016
Prijs: 17,50 euro
ISBN: 978-94-9219-034-5

Links:
bespreking door Kees Moeliker in NRC Handelsblad van 22 november 2016

Persoverzicht

 wolf,youmir In fragmint:
Senuweftich tyske er oan it toutsje dêr’t er de broek mei ophold. Dat wie fan dy gefolgen dat er de knoop derút luts. It stik klean hold spontaan op mei syn neakenens te ferbergjen. Yn in tiid dat der noch gjin boksershorts en sels gjin lange ûnderbroeken bestienen, wie soks de beskamsume kant it neist. Cohn hie ek wol yn ’e rekken dat it gjin goeie yndruk makken at je in preester begroeten troch de broek sakje te litten. Hy krige in kaam. De preester like ek net entûsjast oer in fierder yn-de-kunde-kommen. Hy bleau stean en sei wat yn in taal dy’t Cohn net ferstie. Doe’t de hannelsreizger neat weromsei, draaide er him op en preuvele yn Cohn syn eigen taal: ‘sûplap’.‘Ho ris,’ rôp Cohn, wylst er gau de broek wer ophyste. De oare draaide him ferheard om. Dy sûplap wie in lânsman. In drinkebroer dy’t helendal út Ie hjirhinne kaam wie. Krekt lykas hysels. Wol in aardich idee. Allinnich, dat er de broek foar him sakje litten hie, dat gong him te stoef. Hy sette de kape ôf en sei lilk: ‘Pak op, man. Do bist dronken. Sliep dyn rûs út.’
Doe rûn er fierder sûnder efterom te sjen. As er dat wol dien hie, dan hied er sjen kin hoe grut oft de eagen fan de keapman wurden wienen foar’t er tsjin ’e grûn sloech.

Titel: Youmir, soan fan in túnslang
Auteur: Henk Wolf
Yllustrator: R.R.R. van der Leest
Utjouwer: Venus (Frjentsjer)
Jier: 2006
Priis: 9,50 euro
ISBN: 978-90-5998-032-7

Link:
boekbesprek fan Elske Schotanus

 

 wunderaardichheden Wûnderaardichheden is in bondeling fan fertellingen en ferskes dy’t skreaun binne mei in soad leafde foar moaie taal, âlde ferhalen, bysûndere minsken en goeie bearenburch.

In fragmint út it ferhaal Sicko:

Kinie en Sicko Grootboer binne byinoar wei. Dat komt sjesa. Kinie en Sicko binne net allinne kristenen, mar ek Grinzers. En se hienen yn har goed fjirtichjierrich eintsje libben nea mear fan ‘e wrâld sjoen as Grinslân en direkte omkriten. Kinie wie al heel betiid ta de konklúzje kaam dat dy direkte omkriten neat hienen dat it de muoite wurdich makke om út Grinslân wei. Yn East-Fryslân praten se ek in soarte fan Grinzers, of oars Dútsk, lykas de toeristen, dat wat hoegden se nei Dútslân ta? Drinte wie ek net bjustere spannend. En oer de Lauwers wennen Friezen en dy doogden net, dat hie har mem har doe’t se noch in lyts ‘wichie’ wie foargoed dúdlik makke. Dat, at it heal koe, kaam se net yn Fryslân, en at se der ris wêze moast, dan altyd sa koart mooglik. Mei Sicko wie it al net folle oars.

Titel: Wûnderaardichheden
Undertitel: Teltsjes en rimen
Auteur: Henk Wolf
Yllustrator: Mudhoen
Utjouwer: Bornmeer (Ljouwert)
Jier: 2006
Priis: 15,00 euro
ISBN: 90 5615 122 3

Link:
boekbesprek fan Abe de Vries

bondels

En verder:
* Wolf, H. (2017), ‘De lêste koboldjager fan ‘e Wâlden’, De Moanne jrg. 16 nr. 2, p. 21-23.
* Wolf, H. (2016), ‘Op it strân‘, Fers2 novimber 2016.
* Wolf, H. (2014), ‘Flotgers’, in: E. Bruinsma (red.), Komt in man by syn frou, Ljouwert: Afûk, p. 75-80.
* Wolf, H. (2013), ‘De keazen hear fan Doutzen Kroes’Fers2 nr. 1.
* Wolf, H. (2009), ‘Goeie saak’, in Soepboer, A. & A. de Vries, Giftige zomer/Giftige simmer, Leeuwarden: Friese Pers Boekerij, p. 79-84.
* Wolf, H. (2007), ‘De fiver yn it fosseparkje’, ‘Oer de dea fan in skieppefreon’, in: Farsk Jierboek 2006, Ljouwert: Stichting Farsk.
* Wolf, H. (2007), ‘Sân’, in: J. Corporaal e.a. (red.), Reade earkes, Farskskrift 16, Ljouwert: Bornmeer, p. 4-6.
* Wolf, H. (2007), ‘De sportdei yn Plum’, in: A. Hut & E. Hietkamp (red.), Toe no. Ferhalen foar bern dy’t der sels om freegje, Ljouwert: Bornmeer, p. 92-96.
* Veenstra, J. (2007, skriuwerspseudonym), ‘Dänen lügen nicht’Farsk[as audiobestân te downloaden of te beharkjen op YouTube]
* Wolf, H. (2006), ‘Wytske’, in: J. Corporaal e.a. (red.), Iten, Farskskrift 13, Ljouwert: Bornmeer, p. 20-22.
* Wolf, H. (2006), ‘De woeste boeven’Farsk.
* Wolf, H. (2006), ‘De floedweach’, Farsk.
* Wolf, H. (2006), ‘Massaazjetafel’, ‘Ôfskiedsmailtsje’, ‘De nacht is hjoed drôvich fergien’, ‘Sonnet út it tsjuster’, ‘Kniesd aike’, ‘It libben fan Bonifatius’, in: A. Hut & E. Hietkamp, Doarboek, Frjentsjer: Venus.
* Wolf, H. (2006), ‘De loft yn’, in: E. Bruinsma & B. Wytsma (red.), It each fan de griffioen, Ljouwert: Utjouwerij Fryslân, p. 52-64.
* Wolf, H. (2006), ‘Yn ‘e tsjustere dagen foar Pesach’, in: J. Corporaal e.a. (red.), Tsjustere dagen, Farskskrift 11, Ljouwert: Bornmeer, p. 6-20.
* Wolf, H. (2006), ‘Wytske’, in: J. Corporaal e.a. (red.), Iten, Farskskrift 13, Ljouwert: Bornmeer, p. 20-22.
* Wolf, H. (2005), ‘It guoske Gans Anders’, Hjir jrg. 34, nr. 4, p. 33-42.
* Wolf, H. (2005), ‘It Húsman-geheim’, Farsk. [Te beharkjen: diel 1 / diel 2 of te besjen op YouTube]
* Wolf, H. (2004), ‘Ofskiedsmailtsje’, De moanne jrg. 3, nr. 2, p. 5.
* Wolf, H. (2004), ‘De rôze oaljefant’, Hjir jrg. 33, Relynûmer, p. 33-39.

Leave a reply