Wa is Henk? (Frysk)

HenkWolf
Myn namme is Henk Wolf. Ik bin dosint taalkunde en Frysk by NHL Hogeschool yn Ljouwert en Grins. Omrop Fryslân neamt my ‘de taalprofessor’, want dy rol spile ik yn de televyzjesearjes Praat mar Frysk en Skriuw mar Frysk.

Op dizze side wol ik jo in yndruk jaan fan de dingen dy’t ik by de ein ha. Lêze jo myn ferhaal leaver yn it Nederlânsk, Dútsk of Ingelsk, dan kinne jo boppe oan dizze side op jo favorite taal klikke.

.↑. = werom nei boppekant fan de side

Foarlêzerij

Al jierren brûk ik fan tiid ta tiid myn stim om Fryske, Nederlânske en Dútske teksten yn te lêzen. Hjirneist stiet in filmke fan energievergelijken.nl dêr’t ik de voice-over fan ynpraat ha. Rjochts fan it filmke stiet in link nei it portfolio, dat in yndruk jout fan wat ik oan ynsprekwurk dien ha.

Jo kinne my ynhiere foar ynsprekwurk, bygelyks foar harkteksten, reklamefilmkes en ynstruksjefideo’s.

Link:
portfolio foarlêzerij

.↑.

Kollums

Feroaret de yntonaasje fan it Frysk? Wêr komt dat gekke wurd ‘tsjelreauwich’ wei? Is Fryslân eins wol twatalich? It binne samar in pear fragen dy’t oan ‘e oarder komme yn de rige taalkollums dy’t ik de ôfrûne jierren skreaun ha. No skriuw ik sokke kollums foar De Moanne en It Nijs. Earder skreau ik mei oan de kollums fan Taal Baas, dy’t ûnder oaren yn ‘e Ljouwerter Krante stienen. Noch wer earder haw ik kollums skreaun foar it Frysk Deiblêd, de Friesland Post en it learplatfoarm eduFrysk.

Mei Hindrik Sijens, Gjalt Jelsma, Jelle Krol en Ed Knotter foarmje ik de Taalbazen. Sûnt 2009 skriuwe wy alle wiken in taalstikje yn ferskate media. Hjirboppe in stikje fan ús yn de Ljouwerter Krante. Ik wurkje sûnt 2001 foar ferskate media as taalkolumnist. Link:
kollums online

.↑.

Literatuer

Ik ha ferskate boeken en ferhalen skreaun. Fierders haw ik twa jier yn de redaksje sitten fan literatuerwebsite Farsk, in foarrinner fan it hjoeddeiske Ensafh.

Ik lês graach foar út eigen wurk. Foar skriuwopdrachten kinne jo my ek freegje. Ik proeflês en redigearje ek manuskripten fan oare skriuwers.

wunderaardichheden Link:
portfolio literatuer

.↑.

Oersetterij

Nei’t ik yn de jierren ’90 in skoft produkthantliedings út it Dútsk yn it Nederlânsk oerset ha, haw ik my nei de ieuwiksel rjochte op Fryske oersettingen fan literatuer en muzyk. Ik jou fan tiid ta tiid ek kursussen sjoernalistyk en literêr oersetten.

Oersetwurk doch ik yn prinsipe allinne as it ynhâldlik nijsgjirrich is, bygelyks yn it gefal fan literêre teksten.

koontz Link:
bibliografy
portfolio oersetterij

.↑.

Taalwittenskip

Myn ûndersyksynteresse leit benammen by wurdfolchoarder en taalgebrûk. Ik ha ferskate wittenskiplike artikels publisearre oer de syntaksis fan it Frysk en oare Germaanske talen. Ik ha meiskreaun oan de wiidweidige wurdlist Noardfrysk
en fjildwurk dien foar de Syntactische Atlas van de Nederlandse Dialecten. Fierder haw ik in grut tal publyksartikels oer taalkunde skreaun. Foar in nijsgjirrich nij projekt stean ik altyd iepen.

Links:
bibliografy
artikels online

.↑.

Televyzje

Trije seizoenen lang haw ik foar Omrop Fryslân de televyzje-programma’s ‘Praat mar Frysk’ en ‘Skriuw mar Frysk’ presintearre, yn 2011 en 2014 allinnich, en yn 2012 yn ‘e mande mei Brecht Wassenaar (op ‘e foto).

Sjoch rjochts de link nei it portfolio foar mear ynformaasje.

brecht_henk Link:
portfolio televyzje

.↑.

Toetsing

Foar organisaasjes lykas it CITO en de Afûk meitsje ik toetsmateriaal. Ik haw ek kursussen jûn oer toetsemakkerij. Yn it portfolio lear- en toetsmateriaal steane mear fan myn aktiviteiten op toetsingsmêd.

Jo kinne my ynhiere foar advys oer toetsing of foar it gearstallen fan toetsmateriaal.

 begr_lez Link:
portfolio lear- en toetsmateriaal

.↑.

Underwiis

Ik jou kolleezjes op it mêd fan taalkunde en taalfeardigens yn it hbû. Op it boppesteande filmke stiet de kamera yn in kursus syntaksis dy’t ik jou oan in groepke earstejiersstudinten Frysk. Ik ha foar ferskate universiteiten en hegeskoallen wurke. Sûnt 2009 bin ik koördinator fan de trijetalige pabostream op ‘e NHL Hogeschool. It portfolio ûnderwiis jout in yndruk fan myn aktiviteiten op ûnderwiismêd. Ik bin yn te hieren foar kursussen op it mêd fan taalkunde en Frysk.

Link:
portfolio ûnderwiis

.↑.

Underwiismateriaal

De ôfrûne jierren haw ik meiwurke oan in grut tal ûnderwiismaterialen, benammen op it mêd fan de Fryske taal. Dêr binne learboeken en ûnderwiissyllaby by foar de Fryske les, mar ek in CITO-toets, toetsmateriaal foar de Afûk, de kennisbasissen foar de bachelor- en masteropliedingen Frysk en ferskate e-learningprojekten. It portfolio ûnderwiismateriaal jout in oersjoch.

Kennisbasis Frysk, skreaun troch Babs Gezelle Meerburg & Henk Wolf Links:
bibliografy
staveringsfilmkes
minykursussen online
portfolio lear- en toetsmateriaal

.↑.

Wat noch net neamd is

Net alles wat ik op taalmêd dien ha, past kreas yn ien fan de boppesteande kategoryen. Dêrom stiet yn it portfolio ferskaat in oersjoch fan de wichtichste oare aktiviteiten.

ping Link:
portfolio ferskaat