Op 1 febrewaris presintearje Richard Bos en Alexander Russchen yn Dokkum in stripboek oer it libben fan Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier. It boek komt tagelyk út yn in Nederlânske en in Fryske ferzje. It Nederlânske ‘De strijd van Grutte Pier’ is it orizjineel en ik ha de Fryske oersetting ‘De striid fan Grutte Pier’ makke.

It boek wurdt presintearre by de iepening fan in útstalling fan it wurk fan Mudhoen yn Museum Dokkum.

[Klik hjir foar mear ynformaasje.]