Reitze Jonkman en ik ha sa’n hûndert minsken befrege oer it brûken fan de te-ynfinityf yn it Frysk. Sa wolle wy it ferskaat yn byld bringe. Us earste resultaten en ideeën ha wy hjoed yn Ljouwert presintearre op ‘e Dei fan ‘e Fryske taalkunde. De namme fan ús praatsje wie ‘Grien of read, dat is de kwestje. Oer de folchoarder fan te-konstruksjes’.

[De PowerPoint fan ús praatsje is te finen op dizze side.]