Earst wienen pedagogen desennia lang benaud foar meartaligens, benammen as der in minderheidstaal by behelle wie. Doe feroaren de ynsjoggen en waard meartaligens as in foardiel beskôge, mar it wie al wichtich en hâld de talen strak skieden. Dat idee wie tsientallen jierren dominant, mar no wurdt der heeltyd mear pleite foar translanguaging: it kombinearjen fan allegear deistige taken – thús en op skoalle – mei alle talen dy’t de bern prate of leare. Foar It Nijs haw ik der in stikje oer skreaun.

[Klik hjir om it te lêzen.]