"Op 'e telefyzje spžke it 19e-iuwske spžk by de bžkebeam." Dy nuvere sin, op it each fol staveringsflaters, ferskynde op 25 april 2013 op 'e Frysktalige nijswebsite Itnijs.nl. Hy tsjinne dr as yllustraasje fan in artikel oer in rige staveringswizigingen dr't Provinsjale Steaten fan Frysl‰n in dei tefoaren ja tsjin sein hienen. Efkes letter folgen de oare Fryske media en baarnde der op 'e Fryske skriuwerswebsites en -blogs in fžle diskusje los oer nut en needsaak fan it beslœt. Ik wie ien fan 'e dielnimmers fan 'e earste oere en wie doe lykas no net botte wiis mei de wiziging.

 

De wiziging wie net in idee fan Provinsjale Steaten sels. Fjouwer wurdboekskriuwers fan de Fryske Akademy stienen oan 'e widze derfan. Anne Dykstra, Frits van der Kuip, Hindrik Sijens en Pieter Duijff wienen nammentlik yn opdracht fan de provinsje œt ein set mei in nije wurdlist dy't hearre soe by in nije staveringshifker, dy't by de moderne tekstferwurkers te bržken wie. Se kamen der al fluch achter dat de ynboargere skriuwwize fan in steal wurden net oerienkaam mei de offisjele staveringsregels, dy't fstlein is yn regelingen dy't datearje fan 1879, 1945, 1976 en 1982. Gjin minsk, sels de wurdboekmakkers net, hie dy regelingen de lste desennia wiidweidich besjoen, elk gong œt fan de wat ferienf‰ldige skriuwregels dy't yn it žnderwiis yn gebržk wienen en fan ynboargere wurdfoarmen. De fjouwer Akademymannen woenen net dat de nije wurdlist tefolle wurdfoarmen befetsje soe dy't wol offisjeel wienen mar ™fwykten fan de wenstige skriuwwize. Drom stelden se de provinsje foar om de offisjele stavering in bytsje oan te passen en dy sa tichter by de besteande staveringspraktyk te bringen. De Steaten gongen dr op 24 april 2013 mei akkoart.

 

Dr kaam dalje op. No is dat altiten sa as in oerheid in staveringssysteem feroaret. Oer de staveringswiziging fan it Nederl‰nsk  yn 1995 (mei syn "pannenkoek") wurdt no noch praat. De Dœtske wiziging fan 1996 (mei "dass" ynstee fan "da§") waard sels jierrenlang boykot. In beskate konservative estetyk giet dr grif mei mank. Wizigingen hawwe ek praktyske neidielen. Se meitsje dat besteande teksten ynienen ‰lderwetsk wurde, dat wurdboeken net mear sa goed te bržken binne, dat minsken dingen nij oanleare moatte ensfh. Mar it soe kinne dat der foardielen binne dy't opwage tsjin dy neidielen. De tsjinstanners binne dr net fan oertsjžge.

 

Oer de praktyske ynfloed fan de wizigingen ferskilden de Fryske Akademy en de tsjinstanners fan miening. Anne Dykstra sei op 28 april foar de radio: "It is in kwestje fan wennen. At wy no it wurk fan Gysbert Japiks sjogge, dan sjogge wy dr ek heel raar tsjin oan, mar at je der even yn trochlze, dan tinke je:  - o, dit is syn systeem - en dan snappe je dat wol." Neffens Dykstra feroaren der boppedat net safolle wurden. Neffens de tsjinstanners is dy ynfloed just aardich grut. Relatyf frekwinte wurden lykas 'ieu', 'koese', 'ynvalide' en 'televyzje' soenen tenei oars skreaun wurde. Frysklzers soenen tenei mei in grut korpus oan teksten yn in fer‰ldere stavering sitte, dat by harren in ferkeard wurdbyld opbout, wylst der mar stadichoan teksten yn de nije offisjele stavering by komme.

 

Boppedat, sa beargumintearre ik, is it lang net altyd dœdlik hoe't wurden neffens de nije regels skreaun wurde soenen. Neffens de nije regels wurdt de klank /u/ tenei skreaun as 'oe' as "it dœdlik oerienkomstige Nederl‰nske wurd" dy letterkombinaasje ek hat. Oars is de skriuwwize 'ž'. Mar wat is it dœdlik oerienkomstige wurd by 'boesgroen'? 'Overhemd'? 'Boezeroen'? Komme 'doe' en 'toen' dœdlik oerien?

 

Neffens de foarstanners fan de wiziging makket dy it Fryske skriuwsysteem ienf‰ldiger. Oft dat sa is, kin men op gržn fan it boppesteande betwivelje, mar sels as it wier wze soe, is noch de fraach oft de skriuwende mienskip dr wat mei opsjit. Taledosinten hawwe manmachtich de žnderfining dat de measte learders it staverjen net leare oan 'e h‰n fan regels, mar op basis fan wurdbyld. Just de skriuwwizen dr't je by redenearje moatte - saken as d/t-stavering fan tiidwurden en it ferskil tusken "jullie praaten"/"jullie praten" - blike tige dreech te wzen, wylst learders mei žnberedenearbere saken as de kar tusken au/ou of ei/ij meastal gjin muoite hawwe.

 

No prate wy al s‰nhžndert wurden lang oer stavering, mar eins wie stavering de tsjinstanners net iensen it measte yn 'e wei. De wurdlist fan de Fryske Akademy soe nammentlik noch wat yngripenders dwaan: bepaalde foarmen ™fwize. Sa soenen oerheid en žnderwiis mar ien fan de foarmen 'bžge'/'bžgje' of 'romte'/'ržmte' sanksjonearje. Dat foarstel late by de tsjinstanners al ta de slogan 'ržmte foar "romte"" en de tsjinstanners wienen poer tsjin op it ferbaljen fan frekwinte dialektfoarmen. Foar- en tsjinstanners wienen lykwols tige ferwžndere doe't de provinsje by in diskusjejžn op 28 juny 2013 dœdlik sei dat de provinsje noch it rjocht, noch de yntinsje hie om sa'n ferbod troch te fieren. Dat makke dat de diskusje tenei beheind is ta in pear konkrete staveringsfoarstellen. Under lieding fan taalkundige Henk Bloemhoff besykje in tal foar- en tsjinstanners de kommende tiid om in kompromisfoarstel te berikken dat se mei-inoar oan de provinsje dwaan kinne.