smeltkroes

Ljouwert as ‘smeltkroes’ fan kultueren

Henk Wolf (2001)

Der wurde in protte bûtenlânske talen brûkt yn Ljouwert. 17% fan de Ljouwerter skoallebern krijt yn ‘e húshâlding in net-Nederlânske taal (Hollânsk, Frysk, streektalen) te hearren. Meiïnoar wurde yn de haadstêd sechstich talen brûkt. De bûtenlânske taal dy’t it meast brûkt wurdt, is it Ingelsk. Dan komme it Arabysk, it Koerdysk, it Hindi en it Berbersk.

Dy sifers komme út it ferslach Meertaligheid in Leeuwarden fan de ûndersyksburo’s Babylon en Sardes. Guus Extra, heechlearaar oan de KUB, en syn meiwurkers, ha yn opdracht fan de gemeente Ljouwert ûndersocht hokker talen oft der yn ‘e húshâldingen mei skoalgeande bern brûkt wurde. De fragen waarden steld troch de dosinten. Fan de 8.142 Ljouwerter basisskoallebern ha 6.062 de fragen beantwurde.

Ferlet fan taalsifers

De gemeente hie ferlet fan ‘e boppeneamde sifers om it saneamde oalt - onderwijs in allochtone levende talen - tariede te kinnen. Oalt komt yn it plak fan oetc - onderwijs in eigen taal en cultuur. It belangrykste ferskil tusken mei it eardere oetc en is dat oalt net allinnich ornearre is foar taalgroepen dy’t neffens de oerheid in efterstân ha, mar foar alle taalgroepen dy’t ferlet ha fan ûnderwiis yn de eigen taal. Fierders wurdt oalt, oars as oetc, bûten de skoaltiid om jûn en ha de gemeenten de ferantwurdlikheid foar it ûnderwiis yn ‘e bûtenlânske talen oernaam fan it ryk. De ûndersikers dogge de oanrikkemendaasjes om oalt oan te bieden yn de neikommende talen: Arabysk (hokker fariant wurdt net sein), Turksk, Fietnameesk, Somalysk, Sineesk, Koerdysk, Papiamento, Bosnysk, Hindi en Berbersk. Foar in mannich taalgroepen wurdt boppedat oanret dat se yn ‘e leechste klassen byhelp krije mei it Hollânsk. As reden foar oalt en byhelp neame de ûndersikers dat bern har op skoalle better thús fiele, dat se it Hollânsk earder yn ‘e macht krije en dat se makliker leare omdat der gebrûk makke wurdt fan feardichheden dy’t se yn ‘e memmetaal al ha.

Frysk

It Frysk is yn it ûndersyk nei foaren kaam trochdat 18% fan de learlingen opjûn hat dat der by har thús Frysk brûkt wurdt. Fan harren seit 89% dat se de taal ferstean kinne en 67% dat se Frysk prate kinne. 36% kin neffens eigen sizzen Frysk lêze en 19% Frysk skriuwe.

Extra-en-dy ha fan alle talen de saneamde taalvitaliteit, sis mar de ‘tier’ of de ‘libbenskrêft’, berekkene. Dat ha se dien troch de trochsneed út te rekkenjen fan fiif persintaazjes. Wat heger oft dat trochsneedgetal is, wat tieriger oft de taal is en wat mear kâns oft er hat om it bestean te hâlden. De neikommende fiif persintaazjes binne middele:

1. taalkonkurrinsje: it persintaazje learlingen dat seit dat der neist de oanbelangjende thústaal en it Hollânsk gjin oare taal yn ‘e húshâlding brûkt wurdt;
2. taalfeardigens: it persintaazje learlingen dat de thústaal sels ferstiet;
3. taalkar: it persintaazje learlingen dat de taal op syn minst like faak as it Hollânsk brûkt at se mei de mem prate;
4. taaldominânsje: it persintaazje learlingen dat de thústaal likegoed of better praat as it Hollânsk;
5. taalfoarkar: it persintaazje learlingen dat de thústaal like graach of leaver praat as it Hollânsk.

Foar it Frysk steane de oanbelangjende persintaazjes yn tabel 1. Foar de grutste bûtenlânske talen yn Ljouwert steane se yn tabel 2:

TABEL 1 = tabel 42 op s. 70

Lês: fan de learlingen dy’t opjouwe dat der by har yn ‘e hûs Frysk brûkt wurdt, seit 92% dat der by har thús gjin oare talen brûkt wurde as Frysk en Hollânsk.

TABEL 2 = tabel 43 op s. 72

Lês: fan de learlingen dy’t opjouwe dat der by har yn ‘e hûs Koerdysk brûkt wurdt, seit 86% dat der by har thús gjin oare talen brûkt wurde as Koerdysk en Hollânsk.

De ûndersikers konkludearje: Als we de vitaliteit van het Fries vergelijken met die van de getraceerde allochtone talen in Leeuwarden [...] valt op dat de vitaliteit van het Fries relatief hoog is. Echter, in vergelijking met een aantal allochtone talen die in Leeuwarden voorkomen (Koerdisch, Bosnisch, Chinees, Vietnamees, Somalisch) is de vitaliteit van het Fries lager.

Botte tierich komt it Frysk yn ‘e haadstêd my lykwols net oan at ik dy sifers sa sjoch. Benammen de 33% ûnder ‘taalfoarkar’ jout wol oan dat it Frysk yn Ljouwert net sterk stiet; as prate in soad bern ek better Frysk as Hollânsk, se sizze doch dat se it Hollânsk leaver prate. By in protte oare taalgroepen sjogge wy ek dat bern leafst Hollânsk prate. It ûndersyk liket fannijs te befêstigjen dat de matrikstaal (de sosjolingwistyske term foar de taal dy’t minsken ornaris foar kar nimme) yn Ljouwert it Hollânsk is. Oft it Ljouwertersk dêrnjonken noch in rol spilet, kin men oan dit ûndersyk net ôfnimme. Yn de skriftlike ynstruksje oan de dosinten stie dat Nederlânske dialekten net as antwurd rekkene wurde mochten.

Matrikstaal

De ûndersikers lykje der yn it foar al fan út te gean dat it Hollânsk yn Ljouwert matrikstaal is; oft der oan it Frysk in hiel eigen haadstik wijd is, it wurdt besprutsen krekt lykas wie it ien fan ‘e bûtenlânske talen. By de fraach nei komôf wurde as mooglike antwurden inkeld steaten neamd, bern kinne net opjaan oft sy sels en har heit en mem al as net yn Fryslân berne binne. Alle fragen nei taal wurde steld as: Welke andere talen worden bij jou thuis gebruikt in plaats van of naast Nederlands? Mei it Frysk as autochtoane fariëteit wurdt gjin rekken holden. Ljouwert wurdt min-ofte-mear ynlive by it Hollânske taalgebiet en in goeie behearsking fan it Hollânsk liket it prinsepealste doel fan oalt en byhelp te wêzen. Dêrmei geane de ûndersikers foarby oan de posysje fan Ljouwert as stêd yn Fryslân.

Ljouwert as ‘smeltkroes’ fan kultueren, dêr’t by eintsjebeslút in Hollânsktalige mienskip út floeit, it is de fraach oft dat in goeie saak is. Ljouwert is al fierhinne in kultureel eilân yn Fryslân. De reden dy’t neamd wurde foar oalt en byhelp binne tige nommel en it liket my in goeie saak dat dy beide foarmen fan ûnderwiis jûn wurde. Tagelyk moat it ûnderwiis der lykwols foar soargje dat bûtenlânske (en Fryske) bern gjin slachtoffer wurde fan de kulturele dominânsje fan ‘e Hollânsktalige mienskip yn Ljouwert. De oanrikkemendaasjes fan Extra-en-dy jouwe wat dat oangiet net folle hope. Yn praktyske sin skouderje de ûndersikers de autochtoane meartaligens fan Fryslân folslein. De behearsking fan it Hollânsk liket by har it iennichste kritearium foar byhelp te wêze, it Frysk wurdt fandatoangeande net neamd. Se stelle in model út dat de bern min taret op de taalsitewaasje yn de rêst fan Fryslân en beheine se dêrmei slim yn har mooglikheden. En ûnderwiis soe krekt sa nijsgjirrich wêze kinne at de oarspronklike en de bûtenlânske taalminderheden yn Ljouwert fanelkoar leare soenen.

Boarne: Meertaligheid in Leeuwarden. De status van allochtone talen thuis en op school. Onderzoeksverslag van Babylon, centrum voor studies van meertaligheid in de multiculturele samenleving & Sardes. Tilburg/Utrecht, 2000. 89 s.

 
     

Gratis Homepage von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!