Eric Hoekstra en Henk Wolf

West hat, west is: it helptiidwurd fan it perfektum by 'wêze'

Abstract

The simple perfect tense of the Frisian verb 'wêze' (to be) can be conjugated both with 'hawwe' (have) and with 'wêze' (be). Thus we find "Ik haw west" (lit. I have been) alongside "Ik bin west" (lit. I am been). However, the option exists only if the auxiliary of the perfect is a simple present or a simple past. If the auxiliary of the perfect is an infinitive, as in "Soe er siik west hawwe / * wêze" (lit. Should he ill been have / * be), 'wêze' is hardly acceptable. We investigate the choice of 'wêze' and 'hawwe' as perfect auxiliary of 'west' (been) in Modern Frisian, Middle Frisian, Old Frisian and Dutch. Our analysis of the facts provides support for Ackema's (2001) interpretation of the OCP. The OCP forbids adjacency of two elements which are identical in some sense to be made precise. We provide our own formulation of this principle, and refer to it, for ease of reference, as the Principle of Distinctivity. In our view, the Principle of Distinctivity requires two adjacent words to differ as much as possible with respect to syntactic category (syntactic features) or with respect to outward shape. Independent evidence for the PD comes from a ban on sequences of identical complementisers, and from a ban on sequences of identical adverbs. We then go on to briefly discuss choice of perfect auxiliary for the equivalent of 'been' in other languages, and argue that the facts provide further support for the PD.



1. Ynlieding [noat 1]

Yn dit artikel besprekke wy de kar fan it perfektive helptiidwurd yn it Frysk. Wy litte dêrby sjen hoe't oerflakkige foarmskaaimerken fan ynfloed wêze kinne op it grammatikaliteitsoardiel fan sprekkers. Wy postulearje it bestean fan in distinktiviteitsprinsipe dat in beheining stelt oant it direkt njonken inoar foarkommen fan (fierhinne) identike foarmen.

Lykas bekend komme as helptiidwurd by it perfektum 'west' beide 'hawwe' en 'wêze' foar. Wy jouwe foar it goede begryp efkes in foarbyld fan in haadsin en fan in bysin:

(1a) Hy hat siik west.
(1b) Hy is siik west.

(2a) Om't er siik west hat.
(2b) Om't er siik west is.

Beide foarmen komme yn skriftlik Frysk foar. Ien en oar sille wy in paragraaf 2 sjen litte. Yn it Standertnederlânsk is dêrfoaroer allinnich 'zijn' mooglik as helptiidwurd by de Hollânske wjergader fan 'west', 'geweest'; yn de dialekten komme lykwols al foarmen fan 'hebben' foar (sjoch Van Haeringen 1962). Fragen dy't har by dit ferskynsel oppenearje, binne:

(3a) Is der in korrelearjende foarmobservaasje dy't ferskillen tusken Frysk en Nederlânsk kwa kar fan helptiidwurd begryplik makket?
(3b) Wat is de histoaryske eftergrûn fan de fariaasje tusken 'hawwe' en 'wêze' as helptiidwurd fan it perfektum 'west' yn it Frysk?
(3c) Hoe sit it mei de kar fan helptiidwurd by de wjergader fan 'west' yn oare talen?

Oanbelangjende (3a) wurdt oantoand dat foarmaspekten in rol spylje. Us idee, dat hjirûnder fierder útwurke wurde sil, is dat 'wêze' makliker foarmen fan 'wêze' yn it perfektum nimme wol neigeraden dat se distinktiver binne. Bygelyks 'west wêze' is mear markearre as 'west hawwe' om't de twa foarmen 'west wêze' mear opinoar lykje as de twa formen 'west hawwe'. Hjirûnder sille wy ien en oar fierder útwurkje. Oanbelangjende (3b) wurdt oantoand dat de feiten fan helptiidwurdseleksje yn it Mid- en Aldfrysk ús útstel stypje. En by (3c) sil oantoand wurde dat de fariaasje yn de kar fan helptiidwurd fan it perfektum net op himsels stiet, mar him likegoed yn oare talen oppenearret.



2. Kar fan helptiidwurd yn it skriftlike Frysk

Wy sille ús yn dizze paragraaf fierhinne, mar net eksklusyf, beheine ta skriftlik Frysk út de tweintichste ieu. Us ynstrumint fan ûndersyk is de Taaldatabank (tenei TDB) Nijfrysk, dêr't sa'n 24 miljoen wurden yn sitte. Wy kinne om technyske redenen allinnich sykje as de wurden nêstinoar steane, wat hast eksklusyf yn ynbêde sinnen it gefal is. Wy beheine ús foar wat de TDB Nijfrysk oanbelanget dêrom ta ynbêde sinnen.



2.1. TDB Nijfrysk

(4) Tabel fan kar fan helptiidwurd perfektum by west

West wêze: 2

West ha(wwe): > 100

West bin: 3

West ha(w): > 100

West bist: 0

West hast: > 60

West is: 22

West hat: > 100

West binne: 7

West ha(wwe): > 100

West wiest: 0

West hiest: 19

West wie: 20

West hie: > 100

West wiene(n): 1

West hiene(n): > 100



Gruttere getallen binne nei ûnderen ta ôfrûne op meartallen fan 10; omdat it feitlike getal heger is, is it teken '>' ('mear as') brûkt. Foel in telling heech út, dan waard opholden mei tellen, as it getal yn de rjochter kolom al folle heger wie as it getal yn de lofter kolom.



2.2. Besprek

Wat wy sjogge is dat yn de TDB Nijfrysk 'hawwe' hast eksklusyf as helptiidwurd fan it perfektum brûkt wurdt. [noat 2] Fansels is it Frysk yn de TDB Nijfrysk net IT Frysk. It is allegear Frysk dat yn boekfoarm publisearre is, der hat faak in korrektor oer gear west, en it is dus fan in formeler karakter as Frysk op it ynternet, of as sprutsen Frysk. Sprutsen Frysk geane wy allinnich op yn mei help fan ús taalyntuysjes. It liket ús ta dat 'wêze' as helptiidwurd fan it perfektum by 'west' folle mear foarkomt yn sprutsen Frysk as yn skriftlik Frysk. Mei oare wurden, it foarkommen fan 'hawwe' as helptiidwurd wurdt foaral útdroegen as normearre Standertfrysk taalgebrûk en hat dêrom yn formele skriuwtaal it measte sukses. [noat 3] Yn sprektaal komme 'hawwe' en 'wêze' trochinoar foar by it ôfslutend mûlwurd 'west' (Popkema 1984). By de doetiden lykas 'west wie / hie' kin meispylje dat 'hawwe' yn de yrrealis makliker foarkomt, sels by tiidwurden dy't ornaris 'wêze' brûke as helptiidwurd fan it perfektum. In foarbyld is bygelyks "Hie dan op tiid kommen!", wylst ornaris sein wurdt "Hy is op tiid kommen." (sjoch J. Hoekstra 1997: 54-56 foar dizze observaasje oer it Frysk, en De Rooij 1988:24 foar deselde observaasje oer Nederlânske dialekten).



2.3. It ynternet

It ynternet is in ynformeler medium as de TDB Nijfrysk. Op it ynternet steane ommers almeast teksten dy't net yn boekfoarm publisearre binne, dus minder status ha, der hat almeast gjin korrektor oer gear west, en sa fuort hinne. Wy ferwachtsje dêrom dat op it ynternet faker 'wêze' as helptiidwurd by 'west' te finen is, sjoen de hypoteze fan in korrelaasje tusken formaliteit/ynformaliteit en it brûken fan 'hawwe/wêze' as helptiidwurd fan it perfektum. Om dat te mjitten moatte wy earst in idee ha fan de gruttens fan it Frysktalige part fan it ynternet. Dat dogge wy troch in trúkje. Wy selektearje wat neutrale wurden dêr't wy it tal foarkommens fan kenne yn de TDB Nijfrysk. Fan dyselde TDB witte wy dat der 25 miljoen wurden yn totaal yn sitte. Troch mei Google te sykjen hoe faak oft dy wurden op it Frysktalige part fan it ynternet foarkomme, kinne wy fêststelle hoe grut oft dat Frysktalige part fan it ynternet likernôch is (mjitdatum 15-1-2004). Wy kieze de neikommende wurden, mei't se frij neutraal binne kwa ynhâld en dus yn allerhanne tekstsoarten en registers foarkomme kinne:

(5) Tabel fan stekpriuwkes om de gruttens fan it ynternet te rûzjen

Wurd

Yn TDB

Op it ynternet

Raasjo

Gruttens ynternet

foar

150.000

12.500

1/12

25 x 1/12 = 2 milj

oan

170.000

7000

1/25

25 x 1/25 = 1 milj

omheech

5000

800

1/7

25 x 1/7 = 3,5 m

mear

60.000

4000

1/15

25 x 1/15 = 1,6 m

tsjin

40.000

2000

1/20

25 x 1/20 = 1 m



Yn feite is it Frysktalige ynternet grutter, om't Google siden dy't mei frames út in database helle wurde net yndeksearje kin. Wy skatte de grutte fan it Frysktalige ynternet dêrom op sa'n 2 miljoen wurden. It Fryske ynternet is dus 12 kear sa lyts as de TDB Nijfrysk. Likegoed komt it brûken fan foarmen fan 'wêze' as helptiidwurd perfektum by 'west' op ynternet lykwols suver altyd faker foar as yn de TDB:

(6) Ferliking Frysk ynternet mei TDB Nijfrysk foar 'wêze' as helptiidwurd by 'west'.

wurdkombinaasje

Frysk ynternet - TDB Nijfrysk


(+ 2 milj wurden - + 25 milj wurden)

west bist

2-0

west wêze

8-2

west bin

2-3

west wie

17-20

west bist

2-0

west wiene

4-1

west wienen

6-0



Wy sjogge dat op it ynformelere ynternet it helptiidwurd 'wêze' by 'west' folle faker oanwêzich is as yn de wat formelere TDB Nijfrysk; betink dat de TDB folle grutter is as it Frysktalige ynternet. Dêrmei hinget fansels gear dat it brûken fan 'hawwe' as helptiidwurd op ynternet navenant minder foarkomt. Sa komt de kombinaasje 'west hast' mar 2 kear foar op it ynternet, en dat wie yn de TDB 63 kear; dat is aardich mear as op grûn fan de grutte fan de TDB te ferwachtsjen west hie, mar it strykt fansels mei ús hypoteze: mear foarmen fan 'wêze' by 'west' op it ynternet, mear foarmen fan 'hawwe' by 'west' yn de TDB. De taal fan it ynternet is folle minder troch de hannen fan korrektoaren gien as de taal fan de TDB, is dêrom ynformeler, en stiet tichter by ynformele sprektaal.



2.4. Sprutsen Frysk

It Korpus Sprutsen Frysk hat ûnder oaren as doel en transkribearje in miljoen Fryske wurden. In part fan dat wurk is al dien. Der binne no mear as 100.000 wurden transkribearre yn ferskate tekstsjenres. Sjenres lykas it foarlêzen fan in skriftlike tekst binne foar ús ûndersyksdoelen net fan belang, mei't wy fêststelle wolle hoe't it lân derhinne leit mei it brûken fan 'hawwe' en 'wêze' yn spontaan sprutsen Frysk. Wy ha dêrom in tal transkripsjes mei spontaan Frysk selektearre en ûndersocht. Dat wie behelpen, mei't it webynterface mei sykfunksjes pas oan de ein fan it projekt beskikber wêze sil. Wy ha de transkripsjes yn Textpad ynladen, socht op 'west', de útkomsten fan de sykaksje eksportearre yn in database om maklik annotearje te kinnen. De risseltaten fan dat ûndersyk smieten 29 foarkommens fan 'west' op. Yn 15 gefallen waard dat perfektum makke mei 'hawwe', yn 14 gefallen mei 'wêze'. Der wiene yn beide kategoryen foarbylden út haad- en bysin en út notiid en doetiid. Allinnich miste in foarbyld fan it type 'west wiene', mar dat kin sjoen it lytse tal foarbylden (ommers 29) tafal west ha. Yn beide kategoryen kaam ek ien foarbyld mei in ynfinityf foar, dus 'west ha' en 'west wêze'. Mei't dit it Frysk fan sprekkers oanbelanget dy't de Fryske skriuwtaal eigen binne (sa't wy witte út de sprekkergegevens), meie wy by sprekkers mei minder noarmbesef noch mear foarmen fan 'wêze' by 'west' ferwachtsje.



2.5. Konklúzje

Yn de TDB Nijfrysk, lykas wy hjirboppe seagen, komt 'wêze' as helptiidwurd by 'west' amper foar. It ferskil tusken sprutsen en skriftlike taal sprekt boekdielen. Men kin konkludearje dat standerdisearring wat it kreëarjen fan in skriuwtaalnoarm oanbelanget, suksesfol west hat, want de opmars fan 'wêze' as helptiidwurd wurdt yn de formelere skriuwtaal fierhinne behindere. It brûken fan 'hawwe' as eksklusyf helptiidwurd fan it perfektum by 'west' is ommers fral yn kreas skriftlike taal te finen. As wy minder formele taalsjenres besjogge (it ynternet, sprutsen Frysk) dan boazet it perfektum foarme mei 'wêze' hieltyd mear oan. Dat strykt fansels mei it feit dat de preskriptive grammatika's en de taalkursussen der beide op oansteane dat it perfektum 'west' mei foarmen fan 'hawwe' makke wurdt en net mei foarmen fan 'wêze', wylst yn sprutsen taal beide foarkomme (Popkema 1984:193 en fierder). Lit ús no ris útsykje hoe't it lân der fandatoangeande hinne leit yn it Midfrysk en it Aldfrysk



3. Midfrysk en Aldfrysk

It brûken fan 'wêze' as helptiidwurd wurdt hjoeddedei stipe wurdt troch it Hollânsk, dat ommers 'geweest zijn' en net 'geweest hebben' hat. Lykwols liket it opkommen fan foarmen fan 'wêze' by 'west' in eigen ûntjouwing fan it Frysk, om't it al lang ferlyn foarkaam. Wy sille de feiten út it Midfrysk en Aldfrysk fan datoangeande efkes koart gearfetsje, op basis fan de wiidweidige rapportaazje yn Johnston (1994):

- It iere Aldfrysk hat allinnich 'hawwe' by 'wessen' (de Aldfryske foarm fan hjoeddeistich 'west' ); de perfektumkonstruksje komt lykwols net faak foar yn it Aldfrysk.
- It brûken fan 'wêze' as helptiidwurd fan it perfektum by 'west' komt foar it earst om 1450 hinne foar (dus let Aldfrysk) en dan allinnich yn teksten fan Westerlauwersk komôf (net yn Easterlauwerske teksten). Dat is letter as yn de buortalen Midnederlânsk en Midheechdútsk.
- Yn deselde snuorje dat 'wêze' als helptiidwurd by 'west' opkomt, feroaret it mulwurd fan 'wêze' sels fan 'wessen' yn 'west'. It wêrom fan dy feroaring witte wy ek net. It risseltaat fan dy feroaring is dat it mulwurd fan 'wêze' minder op de ynfinityf liket.
- 'Wêze' oppenearret him as helptiidwurd by 'west' allinnich as notiid en as doetiid, mar net as ynfinityf. Sa't Johnston seit (1994:17):

"Sa't it liket waard yn it Aldfrysk en Midfrysk de kombinaasje fan de nammefoarm fan it helptiidwurd 'wesa' c.q. 'wezze' en it ôfslutend mulwurd dêrfan (dus soksawat as ... 'wessen wesa' of ...'west wezze') as ûngrammatikaal beoardiele."



4. Nederlânsk

Yn in noat dêrby hellet Johnston De Rooij (1986:306) oan foar in lyksoartige observaasje as dien foar it Ald- en Midfrysk oangeande it hjoeddeistige Nederlânsk en syn dialekten:

"* dat zal wel mooi geweest wezen' lijkt me ook voor fervente wezen-gebruikers niet grammaticaal."

Fansels is de sin wol goed mei 'zijn' ynstee fan 'wezen', lykas hjirûnder sjen litten wurdt:

(7a) Dat zal wel mooi geweest zijn.
(7b) * Dat zal wel mooi geweest wezen.

Dat 'geweest wezen' is neffens De Rooij yn it Nederlânsk likemin mooglik as 'wessen wesa' yn it Aldfrysk of 'west wezze' yn it Midfrysk. 'Geweest zijn' is dêrfoaroer prima yn it Nederlânsk. Soks liket derop te wizen dat de foarmoerkomst fan ôfslutend mulwurd en helptiidwurd perfektum problematysk is; dy suggestje sille wy yn paragraaf 4 fierder útwurkje.

De Rooij syn observaasje binne wy neigien troch mei de sykmasine Google op it ynternet te sykjen op de kombinaasje 'geweest wezen'. It docht bliken dat dy amper foarkomt. Fan de foarbylden dy't wy fûnen mei Google falle dan noch de measte ôf mei't it om twa sinnen giet, lykas hjirûnder:

(8) Zondag wezen skaten, naar oma geweest, wezen wandelen in het park.

Dy hoege wy net te rekkenjen. Wy ha mar ien wier foarbyld fûn:

(9) Wat moet dat naar geweest wezen voor jou

Dêr ha wy neat oer te sizzen. Ien foarbyld op tûzenen potinsjele gefallen meie wy yn alle gefallen sûnder al te folle wittenskiplike gewissebeswierren sitte litte.

Ien en oar strykt mei de relative oardielen fan aardich wat sprekkers yn hjoeddeistich sprutsen Frysk. Besjoch de neikommende twa foarbylden:

(10a) Bisto siik west?
(10b) Soe er siik west wêze?

Foar in protte sprekkers is (10a) yn sprutsen Frysk akseptabel, wylst dat foar (10b) net of folle minder it gefal is. Dy sprekkers ha eins de Midfryske oardielen. Ommers, yn it Midfrysk kaam type (10a) al foar, mar type (10b) net (Johnston 1994).



5. Hypoteze

5.1. Ynlieding

At wy de rigen 'west wêze' yn it Nijfrysk, 'geweest wezen' yn it Nederlânsk en 'wessen wesa' yn it Ald- en Midfrysk ris op en del besjogge, obstrewearje wy op twa nivo's oerienkomsten tusken it foaropsteande ôfslutend mulwurd en de oanswettende nammefoarm. It giet by beide om:

(11a) hast deselde syntaktyske skaaimerken
(11b) hast deselde fonologyske foarm

Beide binne ommers net-finite tiidwurden (11a) mei de stam 'w(:)s' (11b).

Yn it ferfolch fan dit stik wolle wy de ûngebrûklikens fan sokke rigen ferklearje út in universele tendins om oanswettende eleminten dy't foldogge oan de beskriuwingen ûnder (11) te mijen. Alderearst bringe wy in nustje soartgelikense feiten by as ûnôfhinklike evidinsje en by einsluten formulearje wy ús hypoteze yn de foarm fan it distinktiviteitsprinsipe.


5.2 Problematyske wurdrigen

Alderearst in foarbyld fan Neeleman & Van der Koot (2004), dat sjen lit dat it Nederlânsk dernei oerhinget en skouderje rigen fan gelikense foarnamwurden, lykas yn (12) en (13):

(12a) Welk huis vind je het schilderachtigst? Dat (??dat) een strooien dak heeft.
(12b) Welk huis vind je het schilderachtigst? Dat ??(gene) dat een strooien dak heeft.

(13a) Welke filmster vind je het leukst? Die (??die) dat rooie haar heeft.
(13b) Welke filmster vind je het leukst? Die ??(gene) die dat rooie haar heeft.

Op 'e foarnamwurdrigen 'dat dat' en 'die die' leit satliket it near, en de sprekker omsylt it njonkeninoar brûken fan de gelikense wurdsjes troch ien derfan te skrassen (12a en 13a), of troch it earste foarnamwurd te ferfangen troch 'datgene' of 'dygene' (12b en 13b).

In oar foarbyld fan deselde auteurs, oernaam fan Radford (1977/1979) hat mei de Frânske measttrime te krijen. Dy wurdt foarme troch it lidwurd+'plus' foar it eigenskipswurd te setten. Mei't de measte eigenskipswurden yn it Frânsk postnominaal foar de hearen komme, steane de twa lidwurden in ein útinoar, lykas yn it (troch ús gearstalde) foarbyld yn (14):

(14a) le paysage intéressant
(14b) le paysage le plus intéressant

By prenominale eigenskipswurden, dy't folgje op it lidwurd, soe in rige fan twa gelikense lidwurden foar it ljocht komme moatte. Soks is lykwols net it gefal. Fan de twa lidwurden wurdt ien skrast, sa't de sinnen ûnder (15) sjen litte.

(15a) le beau paysage
(15b) le (*le) plus beau paysage

Neeleman & Van der Koot litte sjen dat der ûnderskate strategyen binne om sokke rigen te mijen. (12a) , (13a) en (15b) jouwe der in foarbyld fan dat it skrassen fan ien fan 'e gelikense eleminten in útwei biede kin. It is ek mooglik om ien fan 'e oanbuorjende identike eleminten (of beide) in oare foarm te jaan, lykas yn (12b) en (13b). De auteurs drage ûnderskate filters oan om de feiten dy't se neame te ferklearjen. Yn harren filters spylje beide syntaktyske en fonologyske eigenskippen fan de oanswettende eleminten in rol. Se weagje har net oan in formeel ferbod op oanswettende gelikense eleminten.

Eardere artikels as Neeleman-en-dy harres befetsje wol oansetten ta in algemien prinsipe. T. Hoekstra (1984) stelde the Unlike Category Condition (UCC) út. De UCC ferbiedt 'canonical government' fan V troch V, fan N troch N, fan P troch P en fan A troch A. It is in generalisaasje oer subkategorisaasjes. Lykas Van Riemsdijk (1986:144) opmerkt, is it idee achter de UCC ferlykber mei it Obligatory Contour Principle (OCP) fan de autosegmintele fonology (oarspronklik útsteld troch Leben 1973). Al ditsoarte fan prinsipes ferbiede gelikensens fan eleminten dy't lineêr of struktureel adjasint binne [noat 4]. Ackema (2000/2001) besprekt in mannich feiten mei Nederlânske bynwurden en beflapt ûnder it begryp 'gelikensens' fan de oanswettende eleminten net mear allinnich oerflakkige, fonologyske oerienkomsten, mar ek syntaktyske, kategoriale. Hy docht dat yn in Optimality-ramt, dêr't wy yn paragraaf 7 noch op weromkomme.


5.3 It distinktiviteitsprinsipe

Wy wolle besykje om de filters en prinsipes fan eardere auteurs te formalisearjen yn it ûndersteande distinktiviteitsprinsipe.

(16) It distinktiviteitsprinsipe: twa oanswettende wurden binne leafst sa ferskillend mooglik wat de neikommende eigenskippen oanbelanget: syntaktyske skaaimerken (wurdsoarte, persoan/getalsskaaimerken) en fonologyske foarm.

Us prinsipe wykt op twa punten ôf fan eardere útstellen. Foarst, wy ferwize nei syntaktyske skaaimerken, sawol as nei de fonologyske foarm. Twad, wy ynterpretearje it distinktiviteitsprinsipe as in tendins, net as eat dat perfoarst net skeind wurde mei. Dat wol sizze dat it prinsipe skeind wurde kin: idealiter is der gjin skeining fan (16), of as er in skeining is dan in minimalen ien, dus of fan it syntaktyske part, of fan it part dat de fonologyske foarm oanbelanget, mar net fan beide.

De distinktiviteitshypoteze ferwiist nei syntaktyske skaaimerken, sawol as nei uterlike foarm. Yn in konservative syntaktyske fisy is dat apart. Oan de oare kant is yntuïtyf goed foarstelber dat twa gelikense eleminten by de ferwurking troch de ynterpretative komponint foar betizing soargje. It feit dat uterlike foarm en skaaimerken beide fan belang binne, suggerearret dat se beide yn ien klap ynterpretearre wurde. Dat is yn oerienstemming mei de fisy op syntaksis as in ynterface tusken uterlike foarm (meastal Fonologyske Foarm neamd, nei Chomsky 1995) en it nivo fan betsjutting, (meastal Logyske Foarm neamd) dêr't syntaktyske skaaimerken ynterpretearre wêze moatte. Yn it neikommende sille wy sjen litte hoe't it distinktiviteitsprinsipe de feiten frij adekwaat beskriuwt.



6. Stipe foar de distinktiviteitshypteze

6.1. Gjin 'geweest wezen' yn it Nederlânsk

By 'geweest wezen' yn it Nederlânsk is de wurdsoarte fan beide wurden itselde en de leksikale foarm is hast itselde. Der is dus by dy kombinaasje sprake fan in hast folsleine skeining fan it distinktiviteitsprinsipe. Dêrfandinne dat dy foarmen net of hast net foarkomme. It distinktiviteitsprinsipe biedt ús dus in hâldfêst om dat te begripen.

Wy foarsizze dat 'geweest zijn' prima wêze moat, mei't dêr gjin foarmoerienkomst is. En dat komt út, want 'geweest zijn' is it normale gefal. En wy foarsizze ek dat 'wezen' by oare wurden as 'geweest' prima foarkomme kin. En dat is ek sa:

(17a) Zou hij ziek zijn?
(17b) Zou hij ziek wezen?

(18a) Zou dat afgesproken zijn?
(18b) Zou dat afgesproken wezen?

(19a) Braaf zijn, kinderen
(19b) Braaf wezen, kinderen

De sinnen mei 'wezen' binne op skrift ûngebrûklik, mar benammen yn ynformeel sprutsen Nederlânsk net ûngewoan yn it noarden en westen fan Nederlân.



6.2. Gjin 'wessen wesa' yn it Aldfrysk

By 'wessen wesa' yn it Ald- en Midfrysk is de wurdsoarte itselde en de leksikale foarm is hast itselde. Yndie, as wy in schwa-útspraak fan 'wesa' ûnderstelle meie (yn alle gefallen foar it lettere Aldfrysk), dan binne de foarmen noch mear itselde as yn it Hollânsk. It net foarkommen fan 'wessen wesa' is dêrom stipe foar it distinktiviteitsprinsipe.

Wy seagen al dat de foarmen fan 'wesa' fral as notiid en doetiid foarkomme mar krusjaal net as ynfinityf. De ynfinityf is neffens ús útsletten troch it distinktiviteitsprinsipe. Wêrom komme der dan al notiids- en doetiidsfoarmen foar? Us antwurd is: dy foarmen lykje net op it mulwurd en wurde dus tastien troch it distinktiviteitsprinsipe. Dat lit ús dy notiids- en doetiidsfoarmen ris neier besjen. Wy sille de foarmen oanhelje dy't jûn wurde troch Buma (1996) op basis fan it grutste Aldfryske hânskrift, Jus.

(20) Aldfryske bûging fan wesa yn Jus


Notiid

Doetiid

Optatyf

1s

bin

(komt net foar)

(komt net foar)

2s

(komt net foar)

(komt net foar)

sie

3s

is

was

se, see, sie, zie

1p

send, sent, sin

(komt net foar)

(komt net foar)

2p

sent, sint, zint

weren

se, sie

3p

send, sint, zint [noat 5]

weren

se, sie, zij



De foarmen fan de doetiid en de notiid, yndikatyf of optatyf, binne allegear oars as it partisipium 'wessen', en it distinktiviteitsprinsipe stiet ta dat se by 'wessen' foarkomme. Mear spesifyk is der sprake fan in oare woartel. Allinnich de ynfinityf 'wesa' liket op it partisipium wessen. Neffens it distinktiviteitsprinsipe mei allinnich dy ynfinityf net by it partisipium foarkomme, en dat komt út.



6.3. Nijfrysk

De sitewaasje yn it Nijfrysk is net wêzentlik oars as dy yn it Aldfrysk. Goed, de optatyf bestiet net mear, de foarmen binne wat oars, mar it is noch hieltyd sa dat de ynfinityf de iennichste foarm is dy't deselde syntaktyske skaaimerken en fierhinne deselde foarm hat as it mulwurd.

(21) Nijfryske bûging 'wêze'

Notiid

Doetiid

bin

wie

bist

wiest

is

wie

binne

wiene(n)



Ynfinityf en mulwurd binne beide net spesifisearre foar persoan en getal, lykas de notiids- en doetiidsfoarmen. Syntaktysk besjoen is der amper sprake fan distinktiviteit; kwa fonologyske foarm is der ek mar amper distinktiviteit. Dêrom is de kombinaasje 'west wêze' it meast markearre.

No lykje 'west' en 'wiest' ek in protte opinoar. Doch meie dy yn sprektaal al byinoar foarkomme. Dat wurdt ek ûnder (16) beflapt. 'West' en 'wiest' meie dan hast deselde fonologyske foarm ha, mar se ha ûngelikense syntaktyske skaaimerken, mei't 'west' gjin persoans/getal skaaimerken hat en 'wiest' al. Dat se wat opinoar lykje kwa fonologyske foarm is dan minder problematysk, yn oerienstimming mei it distinktiviteitsprinsipe.



6.4. Balâns

Wy ha no fragen (3a) en (3b) beandere. De antwurden binne yn (22) hjirûnder gearfette:

(22a) De korrelearjende foarmobservaasje dy't ferskillen tusken Frysk en Nederlânsk kwa kar fan helptiidwurd begryplik makket is de fonologyske foarmoerienkomst. Yllustratyf foarbyld: by 'geweest wezen' en 'west wêze' lykje beide eleminten tefolle opinoar en dat is net tastien, mar by 'geweest zijn' en 'west hawwe', is dat net it gefal, dus dat is al tastien.

(22b) De histoaryske eftergrûn fan it ferskynsel is dat it opkommen fan 'wêze' him yn de notiid en doetiid oppenearret yn it Midfrysk, mar net yn de ynfinityf. Dat is yn oerienstimming mei it distinktiviteitsprinsipe.

Ear't fraach (3c) behannele wurdt, sil der earst lykwols ûnôfhinklike evidinsje foar it distinktiviteitsprinsipe jûn wurde.



7. Unôfhinklike evidinsje foar it distinktiviteitsprinsipe

7.1. In nuveraardige beheining op it brûken fan oanswettende gelikense bynwurden

Der is in nuveraardige beheining op it brûken fan finite sinnen yn de subjektposysje fan in bysin. Besjoch de neikommende sinnen:

(23a) [Dat sy in tsien helle hat] is my nei it sin.
(23b) * Hy sei dat [dat sy in tsien helle hat] him nei it sin is.
(23c) Hy sei dat it him nei it sin is [dat sy in tsien helle hat].

Us hypteze is dat it nêstinoar stean fan twa bynwurden 'dat' de sin ûngrammatikaal makket. As dy hypteze korrekt is, dan moat twa kear it bynwurd 'oft' ek ûngrammatikaal wêze. En dat komt út:

(24a) * Ik wit net oft [oft sy it eksamen helle hat of net] har ferteld is.
(24b) Ik wit net oft har ferteld is [oft sy it eksamen helle hat of net].

Wy obstrewearje dat it nêstinoar foarkommen fan twa kear itselde bynwurd 'oft' likegoed ûngrammatikaal is as twa kear it bynwurd 'dat'. Mei oare wurden: it is ferbean en haw twa kear nêstinoar itselde wurd mei deselde syntaktyske skaaimerken (wurdsoarte). De opmerksume lêzer sil troch ha dat wy dêrmei wer ús distinktiviteitshypoteze formulearre ha, no berikt op grûn fan hiel oare evidinsje. As dy hypteze korrekt is, dan moat in ôfwikseling fan 'oft' en 'dat' goed, of alteast folle better wêze, en dat komt út:

(25) ? Ik wit net oft [dat sy in tsien helle hat] har ferteld is.

Sinnen lykas (25), sûnder ekstraposysje, meie gjin moaikerts wêze, doch is (25) dúdlik better as de sin mei de twa bynwurden 'dat' (23b) of 'oft' (24a) nêstinoar. Dat de sin net hielendal goed is, hat grif te krijen mei it feit dat de tendins om bysinnen te ekstraponearjen altyd sterk is, eat dat los fan ús ferhaal ek oannommen wurde moat.

Dat, lykas út dizze feiten blykt wurdt de sin in stik better mei twa ferskillende bynwurden nêstinoar. Oarsom kinne wy ek sjen litte dat twa kear 'dat', mar mei ferskillende syntaktyske skaaimerken (ferskillende wurdsoarte), ek folle better is:

(26) Ik tink dat dat folle better is.

It earste 'dat' is dêr in bynwurd, it twadde in haadwurd of foarnamwurd (ôfhinklik fan jins teory, mar krúsjaal gjin bynwurd). Boppesteande feiten foarmje ûnôfhinklike evidinsje foar it distinktiviteitsprinsipe.



7.2. Gjin constraint mar in tendins

Ackema (2001) hat foar it Nederlânsk soargelikense feiten behannele. Hy siket dy yn in Optimality-teory te ferklearjen. By him is der sprake fan in constraint *XX, in ferbod op it njonkeninoar foarkommen fan gelikense eleminten. Dat guon sprekkers sinnen met de wurdrigen 'dat dat' of 'oft oft' doch marginaal fine ynstee fan hielendal ferkeard, hat der neffens him mei te krijen dat se doch brûkt wurde om it skeinen fan in constraint fan hegere rang te fermijen. Us distinktiviteitsprinsipe wykt dêr in bytsje fan ôf, mei't wy dy sjogge as in tendins fan oanswettende eleminten om sa ûngelyk mooglik te wêzen. Gauris oppenearret dy him as in grammatikalisearre ferbod op oanbuorjende gelikense wurden (lykas by de Frânske foarbylden yn (14)). Yn oare gefallen is der neat te rêden, lykas by it neikommende foarbyld fan Neeleman & Van de Koot (2004): [noat 6]

(27) Ik lees me in in dit onderwerp.

En yn in protte gefallen oppenearret him it distinktiviteitsprinsipe yn de foarm fan in sterke tendins om beskate wurdrigen net te brûken, lykas by de seldsumens fan 'west wêze' en yn it foarbyld yn 7.3.


7.3. '?? Dåt dåt (dåt)' yn it Noardfrysk

Yn it Noardfrysk fan de Bökinghiird komt it foarnamwurd 'dåt' foar, mei as swakke foarm 'et'. Fierders hat it Noardfrysk in bynwurd 'dåt'. Wy sjogge no in tendins om by twa opienfolgjende wurden 'dåt', it twadde troch 'et' te ferfangen. De tendins is frij sterk, en sels yn it gefal dat de wurden kategoriaal ferskillend binne, dus ien in bynwurd en de oare in foarnamwurd, is der oanstriid om sokke rigen te mijen, alhiel op grûn fan de fonologyske oerienkomst. Sjoch de foarbylden yn (28).

(28a) Dåt jeeft tou möölikhäide.
(28b) Et jeeft tou möölikhäide.
(28c) ?? Ik wiitj, dåt dåt tou möölikhäide jeeft.
(28d) Ik wiitj, dåt et tou möölikhäide jeeft.
(28e) ?? Ik wiitj, dåt dåt dåt jeeft.
(28f) Ik wiitj, dåt et dåt jeeft.

De Noardfryske feiten litte sjen dat de distinktiviteitstendins him by beskate ferskynsels sterker oppenearret as by oare.



7.4. 'Al' en 'wol' yn it Frysk: * al al.

Der binne yn it Frysk twa wurdsjes 'al', dy't yn it Nederlânsk oer te setten binne as 'al/reeds' en as 'wel' . Besjoch no de neikommende sinnen:

(29a) Komt er no al? (útsprutsen mei klam op 'no': 'al' is Nederlânsk 'al/reeds')
(29b) Komt er al of komt er net? (útsprutsen mei klam op 'al': 'al' is Nederlânsk 'wel')

Yn it Nederlânsk kinne 'al' en 'wel' goed kombinearre wurde:

(30) Vanochtend had hij de krant nog niet gezien, maar nu al wel.

De Fryske wjergader fan dy sin mei twa kear 'al' nêstinoar rint op 'e non:

(31) * Fan 'e moarn hied er de krante noch net sjoen, mar no al al.

As wy dan ien fan de beide wurdsjes 'al' ferfange troch in synonym, kin it wer hiel goed:

(32) Fan 'e moarn hied er de krante noch net sjoen, mar no al wol.

Wy moatte dus konkludearje dat der in prinsipe is dat twa kear 'al' útslút. En dat is fansels wer it distinktiviteitsprinsipe, dêr't de sin mei twa kear it bywurd 'al' streekrjocht ûnder falt. Sa fine wy by bynwurden, sawol as by bywurden ûnôfhinklike evidinsje foar it distinktiviteitsprinsipe, dat ek korrekt beskriuwt dat de ynfinityf net of amper meidocht oan de fariaasje tusken 'hawwe' en 'wêze' as helptiidwurd fan it perfektum by 'west'.



8. Wiksel fan helptiidwurd perfektum: it bredere ferbân

8.1. Unôfhinklike evidinsje foar distinktiviteit út oare talen

Postma (1993) wiist op it nijsgjirrige korrelaasje dy't jildt foar ferskate talen. [noat 7] It liket sa te wêzen dat talen dy't it perfektum fan 'wêze' mei 'wêze' foarmje in partisipium ha dat fan in oare woartel komt, dus dat in oare foarm hat. Oarsom, yn talen dy't it perfektum fan 'wêze' mei 'hawwe' foarmje is it partisipium fan 'wêze' regelmjittich of hast regelmjittich. De feiten dy't er jout kinne wy hjir moai opfiere om sjen te litten dat se ús distinktiviteitsprinsipe stypje.

(33) Talen fan it type 'ik bin west'

taal

ynfinityf wêze

se binne west

mulwurd en ynfinityf wêze gelyk?

Italiaansk

essere

sono stati

NEE

Oksitaansk

essèr

sont estats

NEE

Sardinysk

éssere

sun istatos

NEE

Switsersk Frânsk

ètr

a so ayu

NEE

Dútsk

sein

sie sind gewesen

NEE

Nederlânsk

zijn

ze zijn geweest

NEE



Yn sokke 'ik bin west'-talen is it partisipium fan 'wêze' fan in oare woartel ôflaat as de ynfinityf, mei as gefolch dat partisipium en ynfinityf frijwat ûngelyk binne; dêrom mei yn sokke talen de wjergader fan 'west' mei 'wêze' bûgd wurde. Yn talen fan it type 'ik ha west' is it partisipium fan 'wêze' hielendal of hast hielendal regelmjittich, lykas de neikommende tabel sjen lit:

(34) Talen fan it type 'ik ha west'

taal

ynfinityf wêze

se ha west

mulwurd en ynfinityf wêze fierhinne gelyk?

Westflaamsk

siin

si hebben ghesiin

JA

Deensk

vaere

de har vaeret

JA

Ingelsk

be

they have been

JA

Spaansk

ser / estar

han sido / estado

JA

Iislânsk

vera

hann hefa verit

JA

Roemeensk

fi

ei au fost

JA



Yn ditsoarte talen binne helptiidwurd perfektum ('hawwe') en partisipium ('west') per definysje ferskillend, en dêrom hoecht it ôfslutend mulwurd fan 'wêze' net fan in oare woartel ôflaat te wurden. In earste oereagjen fan oare talen liket ús distinktiviteitsprinsipe te stypjen. Sjoch lykwols noat 7. In yngeander ûndersyk fan niisneamde talen falt bûten it ramt fan dit artikel.



8.2. Ferbân mei mutative (ergative, ûnakkusative) tiidwurden.

De wiksel tusken foarmen fan 'hawwe' en 'wêze' by 'west' komt net samar. Wy seagen niis dat talen fan it type 'ik bin west' in partisipium ha dat net regelmjittich (sterk of swak) ôflaat is fan de woartel fan de ynfinityf. No is it sa dat talen fan it type 'ik bin west' it tiidwurd 'wêze' ek as tiidwurd fan it perfektum brûke by saneamde mutative tiidwurden. [noat 8] Dat binne tiidwurden dy't in oergong fan de iene steat nei de oare werjouwe lykas 'arrivearje' (oergong fan 'ûnderweis wêze' nei 'teplak wêze') en 'barre' (oergong fan 'syn beslach net krigen ha' nei 'syn beslach al krigen ha') en sa mear. In pear foarbylden út it Nederlânsk en it Ingelsk litte it ferskil sjen tusken in taal dêr't mutativen op it stik fan helptiidwurdseleksje oars behannele wurde as oare tiidwurden (Nederlânsk), en in taal dy't dat ûnderskie net makket (Ingelsk).

Nederlânske mutativen nimme 'wêze' yn it perfektum .
(35a) De trein is zo pas gearriveerd.
(35b) Het ongeluk is zo pas gebeurd.

Ingelske mutativen nimme 'hawwe' yn it perfektum lykas oare tiidwurden.
(36a) The train has just arrived.
(36b) The accident has just happened.

It aardige is no dit:

(37) Talen fan it type 'ik bin west' brûke 'wêze' ek foar it perfektum fan mutative tiidwurden.
(38) Talen fan it type 'ik ha west' brûke ek gjin 'wêze' foar it perfektum fan mutative tiidwurden.

No hâldt en draacht it Frysk him oangeande mutative tiidwurden krekt lykas it Nederlânsk. It soe wolris in natuerlike ûntjouwing wêze kinne dat talen dy't it perfektum fan mutativen mei 'wêze' foarmje, it perfektum fan 'wêze' ek mei 'wêze' foarmje. [noat 9] De korrelaasje is opmerklik. Yn dat ljocht besjoen is de ûntjouwing fan 'ik ha west' nei 'ik bin west' natuerlik, al wurdt dy ûntjouwing yn it Frysk wer ta in hichte opkeard, benammen yn de skriuwtaal, troch de distansjearring fan it Nederlânsk, dy't in pree foar 'hawwe' meibringt. Yn de sprektaal liket allinne de foarm 'west wêze' noch fierhinne opkeard te wurden troch it distinktiviteitsprinsipe. [noat 10]



9. Utlieding

Yn dit artikel ha wy sjen litten dat him yn natuerlike taal in sterke distinktiviteitstendinsje oppenearret. Dêrtroch koene notiids- en doetiidsfoarmen fan 'wêze' har makliker as helptiidwurd fan it perfektum opkringe as dat de ynfinityf 'wêze' dat koe. 'West wêze' is in sterk markearre foarm. Itselde jildt foar 'geweest wezen' yn regionaal Nederlânsk. Soartgelikense distinktiviteitsferskynsels by adjasinte eleminten fine wy yn de foarm fan beheiningen op wurdrigen lykas 'al al', 'dat dat' en 'oft oft'. Yn it Frysk wurdt 'hawwe' as helptiidwurd foarskreaun, mar 'wêze' oppenearret him hieltyd sterker neigeraden dat it Frysk ynformeler wurdt: mear yn sprektaal as yn skriftlike taal, mear op it it ynternet as yn de TDB. De mooglikheid fan fariaasje tusken 'hawwe' en 'wêze' as helptiidwurd is relatearre oan it feit dat 'wêze' überhaupt as helptiidwurd fan it perfektum fan mutativen foarkomme kin.



Noaten

1. Foar kommentaar en/of diskusje betankje wy Oebele Vries, Siebren Dyk, Anne Popkema, Arjen Versloot, Anne Dykstra en yn it bysûnder Willem Visser.

2. Twa foarbylden fan 'wêze' by it perfektum 'west' dêr't in rookje oan sit, wurde yn dizze noat besprutsen. Besjoch it earste gefal:

(i) "Siebe wol dy net oannimme, mar as Jelle seit dat er by in accountant grif in bankje fan hûndert kwyt west wie, set Siebe de slof yn de keamerskast." (De leave Fekke (1980) side 64, U.G. de Jong).

Yn dat gefal is it brûken fan 'west wie' faaks bemaklike troch de betizing mei it idioom kwyt wêze. Besjoch no in twadde gefal:

(ii) "As er dêr noris mei troud west wie" (De ferhoalen wierheid (1982) side 192, T. Kuiper).

Dit is gjin normaal perfektum. Dat docht bliken oan it feit dat 'west' fuortlitten wurde kin. (wat oars nea it gefal is by 'west'):

(iii) As er dêr noris mei troud wie.

Ditsoarte fan sinnen komt ek yn it Aldfrysk foar. Popkema (1984:195) sitearret út O.II (P.Sipma, Oudfriesche Oorkonden. Tweede deel. Den Haag 1933), nr. 30 fan 1450:

(iv) datse ... forhyerd sent wessen

Der is dúdlikernôch mear oan 'e hân, mar in besprek fan dat nijsgjirrich ferskynsel falt bûten it bestek fan dit artikel.

3. De kar fan Standertfrysk foar it helptiidwurd 'hawwe' by 'west' kin sjoen wurde as in gefal fan distansjearring fan it Nederlânsk, dat ommers it helptiidwurd 'wêze' brûkt. Foar oare foarbylden fan distansjearring yn it Frysk, sjoch Breuker (1993:70, 2001:719).

4. Wy geane derfan út dat it by it distinktiviteitsprinsipe giet om strukturele adjasinsje. Dat betsjut dat spoaren fan ferpleatste wurden it effekt fan it prinsipe ek ûndergeane. Oars soene wy in haadsin-bysinasymmetry foarsizze: "hy is juster siik west" soe dan better wêze as "om't er juster siik west is". Dat is net sa (sjoch ek Popkema 1984:202).

5. Yn 'e tredde persoan meartal fine wy in ferskaat oan foarmen neffens it neikommende patroan. Begjinlûd is S of Z, fokaal is I of E, inkeldris O, IJ, einlûd is N eventueel folge troch D,T of TH.

6. Utsoarte is it goed mooglik dat foar de parser beide wurdsjes 'in' ferskillend genôch binne, mei't it earste in partikel is en it twadde in wier ferhâldingswurd.

7. Spitigernôch jout Postma net de regelmjittige foarmen fan it partisipium, wat de ferliking somtiden wat dreger makket. Boppedat sitearret er net gefallen fan it type 'west wêze', mar allinnich notiden, dus it type 'west bin'.

8. Oare termen dy't yn dit ferbân ek brûkt wurde binne: ergatyf, ûnakkusatyf.

9. Dat soe ymplisearje dat 'wêze' in mutatyf tiidwurd is. Dat strykt mei it feit dat 'wêze' de betsjutting fan mutative tiidwurden ha kin. Ferlykje bygelyks "ik rin / gean / reizgje / bin moarn nei Amsterdam ta", dêr't 'wêze' in ferlykbere betsjutting hat as 'rinne', 'gean' en 'reizgje'. Ferlykje ek "it hat wol west dat" en "it is wol bard dat".

10. De histoaryske ûntjouwing hat yn it Aldfrysk west fan 'hawwe' nei 'wêze'. Dat soe derop wize kinne dat 'wêze' as helptiidwurd foar mutativen noch net sa lang bestie yn it Aldfrysk. In ûndersyk nei dizze spekulaasje falt bûten it bestek fan dit artikel.



Bibliografy

Ackema, P. (2000), "Botsende voegwoorden: een syntactisch OCP-effect?". Nederlandse Taalkunde 5-3, 244-249.

Ackema, P. (2001), "Colliding complementizers in Dutch. Another OCP effect". Linguistic Inquiry 32-4, 717-727.

Breuker, P. (1993), Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk. Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins.

Breuker, P. (2001), "The development of Standard West Frisian". Yn: Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies, 711-721.

Buma, W.S. (1996), Vollständiges Wörterbuch zum westerlauwersschen Jus Municipale Frisonum. Ljouwert: Fryske Akademy.

Chomsky, N. (1995), The minimalist program. Cambridge (Mass.): MIT Press.

Haeringen, C.B. van (1962), "Zijn en wezen." Yn: Gramarie. Keur uit het werk van zijn hoogleraarstijd. Assen: Van Gorcum, 203-206.

Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies. H. Munske (ed.). In collaboration with N. Århammar, V. Faltings, J. Hoekstra, O. Vries, A. Walker and O. Wilts. Tübingen: Max Niemeyer Verlag.

Hoekstra, J. (1997), The syntax of infinitives in Frisian. Ljouwert: Fryske Akademy.

Hoekstra, T. (1984), Transitivity. Grammatical relations in government-binding theory. Dordrecht: Foris.

Johnston, T.S.B. (1994), "Hoe hat it no winliks west? De konstruksje fan de folsleine tiid fan it Aldfryske wesa en it Midfryske wezze." Tydskrift foar Fryske Taalkunde 9, 1-23.

Jong, U.G. de (1980), De leave fekke. Ljouwert: De Friesche Pers.

Kuiper, T. (1982), De ferhoalen wierheid. Aldehaske: KFFB.

Leben, W. (1973), Suprasegmental phonology. Dissertaasje, MIT (Mass.).

Neeleman, A. & H. van der Koot (2004), Syntactic OCP Effects. Ms. www.phon.ucl.ac.uk/home/hans/haplology.html.

Popkema, J. (1984), "Hy hat/is heechlearaar west." Yn: Århammar, N.R., Ph.H. Breuker, F. Dam, A. Dykstra & T.J. Steenmeijer-Wielenga (red.), Miscellanea Frisica. In nije bondel Fryske stúdzjes. Assen: Van Gorcum, 193-203.

Postma, G. (1993), "The syntax of the morphological defectivity of BE". Hil Manuscripts 3, 31-67.

Radford, A. (1977), "Counter-filtering rules". York papers in linguistics 7, 7-45.

Radford, A. (1979), The functional basis of transformations. Transactions of the Philological Society, 1-42.

Riemsdijk, H. van (1986), "NV-skeletten." Proeven van Taalwetenschap. Tabu 16, 141-149

Rooij, J. de (1986), "Wezen en zijn." Proeven van Taalwetenschap. Tabu 16, 295-309.

Rooij, J. de (1988), Van hebben naar zijn. Het gebruik van hebben en zijn in de voltooide tijden (actief) van zijn, gaan, vergeten en verliezen in standaardtaal, ouder Nederlands en dialect. Publikaties van het P.J. Meertens Instituut, Amsterdam.