“Soks kin inkeld mar ien sizze dy’t in soad oer de grinzen hinne sjocht. En dat docht Onno Falkena, by in soad Friezen noch better bekend as ‘ferslachjouwer Onno P. Falkena’, mei de tuskenletter dy’t by Fryske bewegers in skoft moade wie. Dy stiet oars foar Pier en mei’t Falkena in kearel as in lôge is, hie er samar foar Grutte Pier gean kinnen. Dat hat er net fan frjemd, likemin as […]”

It boppesteande fragmint komt út in stik dat ik foar De moanne skreaun ha oer Onno Falkena, op basis fan in petear mei him oer syn wurk op it stik fan lytse talen. It is ferline jier yn it tydskrift ferskynd en stiet no ek op ‘e website. (It Frysk is hjir en dêr al wat ferâfûke, dat kin ik net helpe.)

[Klik hjir om it stik te lêzen.]

Posted in: De Moanne.
Last Modified: januari 13, 2020