Eigene gratis Homepage!In zwei Minuten selbst mit dem Beepworld-Baukasten erstellen.
Jetzt kostenlos anmelden
       
 
wurdenbuk

 

Fering-Öömrang Wurdenbuk. Wörterbuch der friesischen Mundart von Föhr und Amrum. Hrsg. von der Nordfriesischen Wörterbuchstelle der Christian-Albrecht-Universität zu Kiel. Kiel, 2002. 712 siden. ISBN 3-529-04619-1. Priis: 28,00 euro.
 
 
 
It dialektysk ferskaat yn it Frysk fan Noard-Fryslân is folle en folle grutter as dat by uzes. It is dan ek de fraach oft it mooglik is om in wurdboek te skriuwen fan 'it' Noardfrysk, dat doch de offisjele taak is fan de Nordfriesische Wörterbuchstelle yn Kiel. Oant no ta lykje de wurdboekmakkers dêre yn alle stilte te tinken fan net. Se ha ommers in moai rûfeltsje wurdboeken fan Noardfryske dialekten útbrocht, mar se ha it noch net oandoarst en belis de wurdfoarrie fan it hele Noardfrysk yn ien bân. Dat is net spitich, want troch de sterke bining dy't de Noardfriezen mei it eigen dialekt ha en de folsleine ôfwêzigens fan in Noardfryske standerttaal, is fan sokke dialektwurdboeken fierwei it measte ferlet.
          No is it opdielen fan in dialektkontinuum lykas it Noardfryske taalgebiet fansels in moai drege put. Moatte je de dialekten fan de Karhiird yn in oare groep yndiele as dy fan 'e Bökinghiird? En moatte je de Mooringer dialekten ta in oare groep rekkenje as dy fan 'e westlike Bökinghiird? Makket wat de lju op Feer prate in oare dialektgroep út as wat de oerbuorlju op Oomram troch den dei brûke? Sokke fragen kinne al neffens de kritearia dy't de ûndersiker hantearret soms mei ja en soms mei nee beantwurde wurde.
          It is wat tradysje om de dialekten fan de eilannen Feer en Oomram ûnder ien kopke te beflappen, it Fering-Öömrang. De wurdskat fan dy dialektgroep is troch de Nordfriesische Wörterbuchstelle yn 1986 útjûn yn it Wurdenbuk för Feer an Oomram (tenei WfFaO), dat mear as in echt wurdboek in wiidweidige wurdlist mei Dútske oersettingen is. Likegoed wie it oant in pear jier lyn ta fierwei it hannichste helpmiddel by it lêzen fan teksten yn it Fering-Öömrang. It Fering-Öömrang Wurdenbuk (tenei FOW) hat it WfFaO wilens fan 'e klippe huft. De útjouwer wol yn syn begeliedend briefke ha dat it it 'derzeit umfangreichste Wörterbuch eines friesischen Dialekts' is. Dêr is fansels neat fan oan. It hat noch net de helte fan it tal yngongen dat Zantema syn Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk hat, en dan neam ik it Wurdboek fan de Fryske Taal net iens. Mar foar de Noardfryske dialekten hat it FOW gjin konkurrinsje.
          It FOW is in prachtich wurdboek om te sjen. It is mânsk, waacht deryn en hat in hurd omkaft yn in kreaze, saaklike griene kleur. De siden eagje noflik troch de grutte letters, it gebrûk fan in soad wyt, in blêdspegel mei twa kolommen en dúdlike skiedingen tusken betsjuttingsskiften. Spitich is dat de ynlieding wol heel koart is en gjin ynformaasje jout oer stavering of útspraak en dat der yn de lemma's in protte ôfkoartingen brûkt wurde dêr't nearne in ferklearring foar stiet. Net dat dat sa hele slim is - Indef.Pron. is foar de trochhinne wurdboekbrûker noch wol te begripen as Pronomen Indefinitum - mar in krommeltsje ûnôf is it al. Spitich is ek dat yn it wurdboek net oanjûn is hokker doelgroep oft de skriuwers foar eagen hân ha. De mikro- en makrostruktuer jout wat dat oangiet wolris wat tsjinstridige oanwizingen en ik krige de yndruk dat de skriuwers net in heel dúdlik byld fan har doelgroep hienen. Dêr kom ik aansen noch in pear kear op werom.
 
Makrostruktuer
 
Der steane sa'n 22 tûzen yngongen yn it FOW. Dat liket net folle foar in hânwurdboek. It diel Frysk-Nederlânsk fan it Miniwoordenboek Fries hat sa'n 15 tûzen yngongen en dêrmei is it foar de wat serieuzere brûker fierste beheind. Doch mei it FOW net in kompakt wurdboek neamd wurde. Dat komt yn earste opslach troch de ridlik wiidweidige beskriuwingen, dy't meitsje dat it FOW gâns mear plak yn 'e boekekast ynnimt as it WfFaO. Fierders is it modernste stik fan 'e wurdskat net opnaam. Sa't de ynlieding seit: 'Berücksichtigt wird vor allem der eigenständige und altererbte Wortschatz. Es bleiben bei den Stichwörtern in der Regel jedoch jene Bildungen unberücksichtigt, die lediglich direkte Übertragungen deutscher Formen sind und die formal wie inhaltlich in keiner Weise von den deutschen Entsprechungen abweichen.' It liedende prinsipe dêrefter is neffens deselde de auteurs de 'Kontrastivität zum Deutschen'. Dat betsjut dat in wurd lykas fiir wol opnaam is, mar de nei Dútsk mal boude gearsetting fiirluke (< fernsehen) en Dútske lienwurden lykas fernseer en fernseeluke allikemin.In pear ûnbegryplike útsûnderingen dêrop binne der al. Sa is it ûndúdlik wêrom't de folslein trochsichtige gearsettingen en morfologysk net fan har Dútske wjergaders ôfwikende wurden reegenfeeler en reegenbuk wol in yngong foarmje. De Gryksk-Latynsk-Frânske wurdskat dy't de measte Europeeske talen meiïnoar diele is troch dat prinsipe ek fierhinne ôfwêzich, mar soksoarte 'ynternasjonale' wurden binne bytiden wol wer opnaam as de lûding yn it Fering-Öömrang ôfwykt fan dy yn it Dútsk, bygelyks by ripariare en ripetiare. Mar al mei de kar foar guon lemmata net elkenien like logysk foarkomme, dúdlik is dat de yngongen frij strang selektearre binne. Leksikale ienheden dy't de trochhinne Dútskprater ek sûnder wurdboek wol begrypt, binne fuortlitten. It FOW hat dêrtroch in soad fan in idiotikon, ornearre as stipe foar sokken dy't trochkrûpt binne yn it Dútsk, op syn minst in basiskennis fan it Fering-Öömrang ha en dy't it wurdboek brûke as helpmiddel by it lêzen en ferstean fan it Fering-Öömrang. Dat de ynlieding, sa't ik niis beskreau, frijwat koart kriemt, wiist dêr ek op. Foar dy doelgroep binne trochsichtige gearstallingen en ynternasjonalismen yn wêzen oerstallich en dat makket it FOW ta in heel wat brûkberder wurdboek as it tal yngongen suggerearret.
          Dat it tal yngongen fan it FOW ús sa beheind foarkomt komt ek trochdat wy it FOW ferlykje mei talen mei in lange en rike literêre tradysje, lykas it Westerlauwersk Frysk. It Noardfrysk hat mar skraachwurk in skriftlike tradysje en literêre teksten binne frijwat seldsum. Dat makket dat de literêre registers yn it Noardfrysk ûntbrekke. Itselde jildt foar formele registers, lykas dy fan rjochtspraak en bestjoer, wittenskip en korrespondinsje. Dêrmei is it tal potinsjele yngongen yn it Fering-Öömrang sowieso folle lytser is as yn saneamde Ausbausprachen.
          Der stiet foar yn it FOW in snipeltsje oer eardere wurdboeken fan it Fering-Öömrang. In wichtich ferskil dêrmei is neffens de skriuwers dat it FOW basearre is op in tekstkorpus ynstee fan op ynformanten. It materiaal út it korpus komt út boarnen dy't datearje út de perioade 1880-1939 en is oanfolle mei wurden út wurdboeken dy't ferskynd binne yn de jierren '60 en '80 fan de 20e ieu. Bûten it korpus om ha ûnderskate saakkundige ynformanten noch bydragen levere. Dat makket dat it FOW wurden út in frij lange perioade befettet, mei in oerfertsjintwurdiging fan wurden út foaroarlochske boarnen. Dat komt moai oerien mei de kar om benammen de 'altererbte' wurdskat wer te jaan.
 
Dialektferskaat
 
Lykas sein is op elke ûnderferdieling fan it Noardfrysk yn dialektgroepen kommentaar mooglik. De kar om it Fering-Öömrang as ien fariant te beskriuwen is net ûnproblematysk, mei't dy dialektgroep op syn minst fjouwer oare dialektgroepkes beflapt: it Öömrang, it West-Fering, it East-Fering en it Súd-Fering. It Súd-Fering makket gjin diel út fan it korpus dêr't it FOW op basearre is en wurdt folslein skoudere. De ferskillen tusken de oare trije dialektgroepen binne yn in soad gefallen regelmjittich. Yn 'e ynlieding wurde dy ferskillen ridlik wiidweidich njonkeninoar set, op 'e neikommende manier:
 
                                               WF             OF              AM             Deutsch
 
 

WF AM aa - OF o                 aapel           opel             aapel           Apfel

vor p, t, k, ch
 

tj - AM sch                       tjok             tjok             schok                   dick

 
De ôfkoartingen WF, OF, FÖ en AM ferwize, yn dy folchoarder, nei West-Fering, East-Fering, Fering (West+East) en Öömrang. It wurdboek hat, oars as it WfFaO, gjin 'dialektale Leitform', mar bringt de dialektfoarmen ûnder by dy yngong dy't it earste yn it alfabet komt. De oare dialektfoarmen binne as ferwiislemma opnaam:
 
ääb AM OF eeb WF 'Ebbe'
eeb(-), s. ääb(-)
 
De lykweardigens fan 'e dialektale subgroepen wurdt in lyts bytsje ûnderstek dien troch de kar om de foarbyldsinnen konsekwint yn it West-Fering te jaan, ek by wurden dy't inkeld yn it East-Fering of Öömrang foarkomme. Dat liket my in pragmatyske oplossing ta, dêr't net folle krityk op hoecht te wêzen. It past ek wol by de kar om it Fering-Öömrang as ien fariant te beskôgjen. Sok ôfgrinzgjen fan dialektgebieten hat der te uzes bygelyks foar soarge dat net ien der mear nuver fan opsjocht as yn Westerlauwersk Fryske teksten in wâldske foarm lykas hiel yn deselde sin ferskynt as it klaaiker wurd jerappel.
          Wat de stavering oangiet, hat it FOW fierhinne it WfFaO folge. It wurdboek wykt dêr neffens eigen sizzen op twa punten fan ôf:
 
1. die Amrumer Suffixe -ag, -ang werden nicht gesondert bezeichnet, sondern wie auf Föhr -ig, ­-ang [dit is in flater, hie -ing  wêze moatten, HW] geschrieben;
2. auf das Amrumer Graphem sj als Bezeichnung des sch-Lautes wird zugunsten der Föhrer Schreibung sch verzichtet, also schauer 'vier' anstatt sjauer.
 
Hoewol't dy kar o sa pragmatysk liket, hat er in grut neidiel, nammentlik dat de argeleaze brûker omdoch om foarmen siket dêr't er it skriftbyld fan wend is. In ferwiislemma mei de neikommende foarm
 
sj- AM s. sch-
 
hie soks foarkomme kind. En in besprek fan it FOW troch Adeline Petersen (2003) wiisde my derop dat de niisneamde kar liede kin ta it opnimmen fan fantoomwurden, lykas it net besteande schüürig, dat de werjefte is fan de typysk Öömrang foarm sjüürag. Bytiden is de ynterdialektyske ferwizing ek net heel helder. Sa is Öömrang boks in ferwiislemma nei brek. Under brek stiet wer s. auch boks, wylst dat in leech lemma is, en de lêzer freget him ôf oft idioom lykas diar stäänst dü ei uun a - efter (dêr stiest net nei yn 'e broek; dat kinst net) ek mei boks kin.
          By it omgean mei it dialektferskaat oppenearret him fannijs de fraach nei de doelgroep. Under it kopke Makrostruktuer haw ik krekt konkludearre dat de meast foar de hân lizzende brûker goed Dútsk kin en op syn minst wat basiskennis fan it Fering-Öömrang hat en it wurdboek benammen as helpmiddel brûkt foar it lêzen en ferstean. Foar dy brûker is ynformaasje oer dialektfoarmen miskien in aardich ekstraatsje, mar hy sil der sa gau gjin ferlet fan ha. Dêr komt noch by dat men de dialektoantsjuttingen neffens de ynlieding gauris op 'e ljedder silje moat: '[Es] kann jedoch nicht ausgeschlossen werden, daß nicht die eine oder andere dialektale Variante auch in einem anderen Sprachgebiet Gültigkeit besitzt. Angaben zur Dialektangehörigkeit müssen deshalb vielfach unter Vorbehalt gesehen werden.' As it ferlet by de doelgroep ûntbrekt, de dialektynformaasje net botte betrouber is, of net yngeand genôch, as it Súd-Fering ûntbrekt en as it giet om in útsoarte beheind hânwurdboek, dan is it opnimmen fan dy dialektfoarmen net in logyske kar.
 
Mikrostruktuer
 
In besprek fan de mikrostruktuer fan it FOW soe net doge as dy net in grut komplimint befette foar de heldere en oersichtlike opmaak en de bytiden tige wiidweidige lemmata. Spitich is al dat de lêzer de syntaksis fan 'e lemmata sels útplúzje moat. Spitich is fierder dat de klam mar heel sporadysk oanjûn wurdt en dat it kritearium foar it al as net oanjaan fan 'e klam net ferantwurde wurdt. De manier hoe't de klam oanjûn wurdt, is ek wat ûngebrûklik, nammentlik troch in apostrof efter it klamdragende lûd. Mei wat kennis fan it Dútsk en Westerlauwersk Frysk koe ik faak wol riede wêr't de klam einliks heart, mar bytiden slagget dat ek net. At je sjogge dat it Fering-Öömrang aawerwaa're (oersparje) en aa'weruuge (oereagje) hat, dan freegje je al ôf wat no it gewoane plak is fan 'e klam yn gearstallingen mei aawer-. Slút it Fering-Öömrang oan by it Dútske überfahren (klam op fahr) of by ús oerride (klam op oer) mei syn aawerkeer, in wurd dat oars nuver genôch allinnich mei de betsjutting hinüberfahren (bes. nach Amerika) opnaam is. En hoe liket it mei de klam yn aawerdu (oerlangje)? It wurdboek helpt de brûker fandatoangeande net fierder.
          Nei it trefwurd stiet de relevante dialektale subgroep. Dan komt in oantsjutting fan wurdsoarte en by haadwurden fan meartal en slachte, en dan in yndieling yn betsjuttingsskiften en njonkenfoarmen út de oare dialekten. Undúdlik is wêrom't by guon haadwurden (bg. koop) it meartal net oanjûn is. Binne dat regelmjitte foarmen, wylst dyselde dêr't al in útgong by stiet, ûnregelmjittich binne? By de nammefoarm fan ûnregelmjittige tiidwurden steane de ûnregelmjittige bûgingsfoarmen oanjûn, lykwols wer sûnder dat it wurdboek útleit hokker foarmen oft no krekt opnaam binne en hoe't oare foarmen dêrfan ôflaat wurde kinne. Gauris net sa slim foar de betûftere brûker, mar perfoarst ûnhandich foar lju mei wat minder eftergrûn yn it Fering-Öömrang.
          De wurdboekmakkers ha derfoar keazen om betsjuttingsskiften net oan te jaan as der in Dútsk wurd is dat deselde betsjuttingsskiften hat. Sa is lung ienfâldichwei oerset mei lang. In inkelde kear wurdt dêr om ûndúdlike reden fan ôfwykt, lykas by lup, dat de betsjuttingsskiften 1. laufen, rennen en 2. laufen, gehen hat. Op it earste each heel fris binne de grutte swarte wybertsjes as skieding tusken guon fan 'e foarbyldsinnen dy't by ien en itselde betsjuttingsskift hearre. Wat der lykwols krekt de funksje fan is, is my net dúdlik wurden. Oare foarbyldsinnen wurde nammentlik wer faninoar skaat troch stipskrapkes. Mear taljochting hie ek yn dit gefal noflik west. Foar de brûker net slim, mar foar it oansjen fan it FOW wat spitich, is dat it Dútsk skreaun is neffens de âlde staveringsregels. Dat makket dat it gauwer as nedich west hie in datearre yndruk meitsje sil.
          It wurdboek hat in bysûnder rike foarried oan idioom en foarbyldsinnen. Dat makket it wurdboek foar de wat betûftere brûker ta in bysûnder moai ynstrumint om syn taal te ferrykjen. En dêr sit ek de grutte krêft fan it wurdboek. In priuwkemannich, net mear dan as yllustraasje:
 
deel hi liket san aatj ap an - er ist ganz der Vater
goi, göi ik maad noch en betj kofe haa, du man en - iintu ich möchte noch ein bißchen Kaffee haben, gieß man noch einen Schuß dazu
hurn ual roomer haa stif -er alte Böcke haben steife Hörner (d.h. je oller, je doller)
kultesk - an warem gung wi ääder tu baad zwischen Kalt und Warm (d.h. im Herbst) gehen wir früh zu Bett
liap dol üüs en - wütend wie ein Kiebitz
lup - di man ei uun blud lauf dir man nicht ins Blut (d.h. nicht so eilig)
[grappich/opfallend is it gebrûk fan it regionaal markearre man yn de Dútske glossen, HW]
 
Brûkberens
 
Om de brûkberens fan it wurdboek te ferlykjen mei dy fan konkurrint WfFaO haw ik in stikmannich lemmata út de beide bannen pript en njonkeninoar lein. Hjirûnder samar fjouwer foarbyldsjes:
 
a. generool: beide wurdboeken jouwe de oersetting General mei it slachte, en it idioom a generool haa (it alderslimst besopen wêze)
b. neem: it WfFaO hat de betsjuttingsskiften nennen en erwähnen, it lêste mei in foarbyldsin. Der stiet ek in apart lemma neem uun (neame nei) yn. It FOW hat neem en neem uun ûnder ien lemma (fia nääm). It hat deselde betsjuttingsskiften, mei meiïnoar seis foarbyldsinnen, wêrûnder ien dy't idioom befettet dat net yn it Dútsk foarkomt: wurst ei -t, wurst uk ei kleemt: wurdst net neamd, dan wurdst ek net misledige.
c. söderk: yn it WfFaO stiet allinnich de betsjutting südlich. It FOW hat dêrnjonken - winj: Südwind en de - breetje: die südliche Breite.
d. wros: net yn it WfFaO, yn it FOW mei de betsjutting doek dy't los om 'e hals slein is.
 
Safier't ik dat yn in koart trochsneupskoftsje en mei in beheinde kennis fan it Fering-Öömrang beoardielje koe, jouwe gefal b en c moai dúdlik oan wêr't de krêft fan it FOW yn leit: de wiidweidige omskriuwingen, mei in soad foarbylden en idiomatyske útdrukkingen. En it FOW hat sa'n fjouwer tûzen yngongen mear, dêr't d in foarbyld fan jout.
          Kommentaar is der lykwols al. Sa binne troch in flater ûnder de F alle lemmata nei fut fuortfallen. Dat makket dat fuum (skom op 'e molke), fuur (dinnebeam/dinnehout), füürig (fjurrich) en gâns oare wurden net opnaam binne. Oare flaterkes binne der ek wol. Sa binne tusken üsään en üüshalven it ferkeard alfabetisearre üüshalven en üüsmanig opnaam. Dy steane oars ek noch in kear op it har fan rjochten takommende plak. Fierders is knip in ferwiislemma nei kniip, wylst dat lemma net bestiet. Of it moat gean om in typflater, omdat der wol in lemma Kniip (mei in haadletter) bestiet, dat nei in sânplaat foar de kust fan Oomram ferwiist.
          Wat purisme oangiet, makket it wurdboek net altyd in logyske kar. It tige gebrûklike gans ('heel', 'folslein') as eigenskipswurd is net opnaam. Miskien begryplik om't it foar de Dútskkundige lêzer gjin problemen opsmyt en as Dútske ûntliening net oan de noarm fan de skriuwers foldocht. Nuver is dan lykwols dat it bywurd gans wol wer opnaam is. En it geve ûnderskied yn it Fering-Öömrang tusken keer (ride mei auto, fyts ensfh.) en faar (farre) wurdt net makke ûnder keer, dat as Dútske oersetting sljochtwei fahren hat.
          Spitich is fierder dat it FOW ûnregelmjittige tiidwurdfoarmen net as ferwiislemmata opnaam hat. Benammen mei't de doelgroep doch benammen de wat betûftere Fering-Öömrangbrûker wêze moat, soe dêr ferlet fan bestean by it lêzen fan teksten. Wat grammatikale ynformaasje oangiet, is it FOW sowieso net rynsk. Sa is de oersetting unser fan üüs en üsens te beheind. De lêzer kin no net gewaarwurde dat de twa wurden foar 'ús' net trochinoar hinne brûkt wurde kinne. It WfFaO docht it wat op dat punt oars net better.
 
Konklúzje
 
It FOW is in wurdboek dêr't benammen de lju dy't al wat fan it Fering-Öömrang witte, in soad profyt fan ha kinne. It wurdboek is yn in soad opsichten net folslein en dy ûnfolsleinens is benammen lestich foar de minder yn it Fering-Öömrang trochkrûpte brûkers. Hoewol't de doelgroep net neamd wurdt, ha de skriuwers sa't it liket de wat betûftere lêzer fan it Fering-Öömrang foar eagen hân. Mar ek dy betûftere lêzer sil bytiden omdoch nei it wurdboek gripe. De ûnderfertsjintwurdiging fan moderne en ynternasjonale wurden as yngong meitsje it wurdboek minder geskikt foar lju dy't it Fering-Öömrang aktyf leare wolle. Benammen by it lêzen en ferstean fan it Fering-Öömrang docht it fertuten. Dat makket de doelgroep noch wat lytser. Der binne in pear slimme en in soad lytse flaters makke. Likegoed is it FOW in prachtich boek, om te sjen en om te brûken. It jout wiidweidige omskriuwingen en in moai soad idioom. Dy't in Fering-Öömrang tekst lêze wol en it FOW as helpmiddel brûkt, sil it net gau fergees út 'e kast krije. As dêr dan ek de perfoarst beskieden priis fan 28 euro by besjoen wurdt, dan doar ik alle frisisten en sprekkers en learders fan it Fering-Öömrang wol te advisearjen om it boek oan te tugen.
 
 
Ferwizingen:
Miniwoordenboek Fries (2004), Utrecht: Het Spectrum.
Petersen, Adeline (2003), 'Fering-Öömrang Wurdenbuk'. Yn: Nordfriesisches Jahrbuch 2003, s. 108-111. (besprek)
Zantema, J.W. (1992), Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk. Drachten/Ljouwert: A.J. Osinga/Fryske Akademy.
Wurdboek fan 'e Fryske Taal. Ljouwert: Fryske Akademy.
Wurdenbuk för Feer an Oomram (1986), Nordfriesische Wörterbuchstelle der Universität Kiel.

This site tracked by YellowTracker.com. Get your own free site counter.
 
     

Kostenlose Webseite von Beepworld
 
Verantwortlich für den Inhalt dieser Seite ist ausschließlich der
Autor dieser Homepage, kontaktierbar über dieses Formular!

 
Diese Webseite benutzt Cookies, um Informationen auf Ihrem Computer zu speichern.  Mehr InformationEinverstanden